Mefrou Dekker (PvdA): As der stiet 'óf te dwaan troch boargemaster en wethâlders' dan soe it antwurd foar de riedsleden op besjen lizze. Sy kin dy antwurden net altyd weromfine en freqet dêr omtinken foar. De foarsitter: Zij zal daar aandacht aan schenken. Nûmer 5 Mefrou Veldstra (FNP): Soe it stik (Jierferslach 2006 fan de Programmaried) op de aginda fan 26 juny sette wolle. De foarsitter: Zegt dat toe. Nûmer 8 Mefrou Veldstra (FNP): Sy freget it kolleezje om hjir aksje (Nacht van de Nacht) op te nimmen omdat it ek foar bern tige wichtich is. Wethâlder Minkes: Der hat al in petear west mei de direkteur fan de Fryske Miljeuried. Der wurdt oan wurke en men stiet iepen foar suggestjes. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder De Vries: Der is in nij kolleezje fan Deputearre Steaten ynsteld. len fan de portefúljehâlders is famylje fan him en hat in soartgelikense portefúlje as hysels. Men wol in skyn fan belangeferstringeling foarkomme en dêrom sil hy ynkoarten fierdere ynformaasje oer maatregels jaan. Wethâlder Van der Meulen: De brede skoalle stiet foar 26 juny op de aginda. Mei it each op de stân fan saken oangeande de finânsjes is it net ferstannich om der no in beslút oer te nimmen Der binne noch te folie ûnsekerheden. It soe foar it beslút yn septimber op de wurklist kinne. Hy sil mear ynformaasje op de gearkomste fan 26 juny jaan. De hear Bouma (VVD): De wethâlder oerfalt de ried dêrmei. Wat foar gefolgen hat it foar de planning? Hy hat augustus 2009 noch wol foar eagen. Wethâlder Van der Meulen: Ein juny kin er ynformaasje oer de planning jaan. De foarsitter: Op 26 juni wordt over de kwestie gesproken. Men moet zich nu in de vraaqstellinq beperken. a De hear Seldenrust (FNP): Is it skema fan ôfrûne wike dêrmei fan de baan? Wethâlder Van der Meulen: Der is al in mail kommen dat it skema oars wurdt. Men komt op 26 juny mei in goede planning. b. Mienskiplike Regelingen: Jierrekken 2006 en ûntwerpbegrutting 2008 Hulpverleningsdienst Fryslén By dit punt nimt de hear Seldenrust it foarsitterskip oer. Pagina 2 1 04 ferslach 12062007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 5