By it grûnkompleks Grou-Noard is al faker in krityske kanttekening makke. Der moasten plannen f°ar makke wurde. It is neffens de VVD te let om der wat mei te dwaan. De ponge is no echt leech. It makket it foar de VVD lestich om akkoart te gean mei de jierrekken. Wat is de rol fan de akkountant? Men soe de ried op 'e hichte bringe moatte kinne fan de risiko's en de pinepunten. Der binne mear risiko's lykas de amtlike organisaasje, de brede skoalle, de sportferpleatsing, de werstrukturearring, it ôffalstasjon, SteandeMêstrûte, Fryske Marreprojekt en oare saken. Nei oanlieding fan de managementletter fan 2005 hat it kolleezje besletten om de reorganisaasje kantelje te litten. Dat hie folie earder moatten. Wat binne de eksakte kosten fan de ferhuzing fan it Heinekengebou nei it gemeentekantoar? Men hat de finânsjes net goed yn de fingers. Yn Terherne haven is grûn foar 15 euro ferkocht. Yn it ferline is der ek grûn yn Akkrum-East fierstente djoer oankocht. Ek by de âlde mulo yn Grou hienen 7 kavels mear ferkocht wurde kinnen (2,5 ton). Sa lit men mei inoar sa'n 8 ton lizze. De ynsidintele meifallers berinne sa'n 2,5 miljoen. It fytspaad Grou-Warten soe 4 miljoen kostje moatte en dan hie men de helte al binnen hân. De ynhier tredden is fierstente djoer en is ek net altyd neffens de EU-regels. Men moat de risiko's yn byld bringe by de projekten en dan kin men skrasse. It betrouwen is ta in djiptepunt sakke. Mefrou Veldstra (FNP): Men sjocht rûnom sifers fan oare gemeenten en dy binne hast allegearre posityf. De fraksje wie fernuvere dat de rjochtmjittigens wer net helle wie nettsjinsteande in plan fan oanpak fan de akkountant. Wêr't it manko lein hat, is no wol dúdlik (skorsing en opstappen fan in tal amtners). Boarnsterhim is op finansjeel mêd tige kwetsber. De reserve soe minimaal 2,5 miljoen wêze moatte. Wie it by it kolleezje net earder bekend dat de tekoarten ferantwurde wurde moasten? Wêrom hat de akkountant net earder oan de bel lutsen? Binne no alle tekoarten sichtber? Kin it kolleezje de oarsaken fan de tsjinfallers fuortnimme? Bring de risiko s yn byld. Is it kolleezje dat ek fan doel? Lûkt Boarnsterhim net in te grutte broek oan? In goede projektbewaking en in regelmjittige rapportaazje nei de ried ta binne needsaaklik. It is wer itselde ferhaal as it rapport fan 5 jier lyn. Is der dan gjin learing út lutsen? Der soe ferbettering komme moatte by opset en stjoering by grutte projekten yn de gemeente. Der moat sa gau mooglik in nije gemeentesekretaris beneamd wurde. It kolleezje sil helder en transparant nei de ried kommunisearje moatte. Alles moat boppe tafel komme en oars kin men aanst it fallissemint oanfreegje. De gemeentlike organisaasje moat ûnder de loep nommen wurde. Jou dat as opdracht mei oan de rekkenkeamerkommisje. De hear De Visser (PvdA): It soe neffens de FNP de PvdA neat skele kinne dat de algemiene reserve nul is? Dat is net sa want hy wol stribje nei in algemiene reserve fan 2,5 miljoen. De hear Zijlstra (CDA): It kolleezje wol it tekoart fan 2,5 miljoen ta lést fan de algemiene reserve bringe. De sifers doge neffens de akkountant en dochs kin de ferklearring fan rjochtmjittichheid net ferliend wurde. Yn 2005 wienen de sifers wol op oarder. As men gjin rjochtmjittichheidsferklearring hat dan kin men as ried de finansjeie kontrôle net útfiere. Der moat wol wat feroarje yn de hiele organisaasje. De akkountant jout in tal tips foar de oanpak. It liket derop dat de gemeente net hurd genôch achter sinten fan oaren oansit. Komt it noch goed mei bepaalde net binnenkommen ynkomsten? Der binne wer twa meiwurkers dy't de gemeente ferlitte. De dossierfoarming moat op oarder wêze. De ried moat seis ek skerp bliuwe. Wat wol men dwaan en wat sil it kostje? Men moat ek witte hoefier t men yn in projekt stiet en wat de risiko's binne. De finansjeie mooglikheden fan de gemeente moatte better yn balâns brocht wurde. Moast it mei dy 2,5 miljoen sa gek yn ien kear? Dat jout in protte ûnrêst by de befolking en de ûndernimmers. Oan de oare kant is it goed om de organisaasje tsjin it Ijocht te hâlden. Dat kin goed foar de kommende generaasjes útfalle. Soargje foar in duorsume, finansjeel sûne gemeente. Pagina 4 1 04 ferslach 12062007/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 7