De hear Bouma (VVD): De hear Zijlstra hat it oer it debiteurebehear hân. Wol er dy debiteuren de hân boppe de holle hâlde? Binne der gjin oare saken dy't omtinken freegje? De hear Zijlstra (CDA): Nee, krekt net. It wie ien fan de oanbefellings fan de akkountants dy't opfoel. De hear Bouma (VVD): Soe men net mear omtinken oan de grutte projekten as Grou-Noard jaan moatte? De hear Zijlstra (CDA): Dat soe men ek tsjin it Ijocht hâlde moatte. It jierferslach jout in goede yndruk fan de gemeente. It tal ynwenners is groeid en dan is it wat nuver dat it tal wenten gelyk bleaun is. Doocht de rest fan de kearngegevens dan wol? De hear Hemminga (GB): Hy wol net alles werhelje wat oaren sein hawwe. It giet yn earste ynstânsje oer de befinings fan de akkountants. In wichtich punt is it net ôfjaan fan de ferklearring fan rjochtmjittichheid en ek dat de ynterne kontrôles net fêstlein binne en dat de dossierfoarming net op oarder is. Der is neat dien mei de eardere oanbefellings fan de akkountant oer Grou-Noard. Guon fraksjes hienen dy risiko's al oanjûn. It hat allegearre laat ta in minne finansjele situaasje fan de gemeente. Men moat earst witte wat de risiko's binne. Hy hopet dat men by de perspektyfnota al dy risiko's wit. Men sil seker skrasse moatte by in tal foarsjennings. Mar de basisfoarsjennings moatte stean bliuwe. Men is de léste jierren achterútbuorke. It kolleezje moat struktureel sjen dat men in slutende begrutting krijt. Der is kommentaar kaam fan de âld- kolleezjeleden: 'Het college breekt met het gevoerde beleid'. Hoe tinke de PvdA en it CDA oer dy opstelling? Mefrou Dekker (PvdA): Bedoelt de hear Hemminga GB dér ek mei? Dy siet doe ek yn it kolleezje. De hear Hemminga (GB): GB hat krekt op it mêd fan de finânsjes altyd kritysk west. Mefrou Dekker (PvdA): GB hat neffens har yn eardere jierren net tsjinstimd. De hear Hemminga (GB): Men hat altyd de risiko's foarsein. It is de fertsjinste fan dit kolleezje dat it no wol helder wurdt. De âld-kolleezjeleden sizze dat it belied net trochset wurdt. GB wol gjin liken mear yn de kast fine. Men moat wer ta nei in algemiene reserve fan 2,5 miljoen. De hear Douma: In 2006 is enorm veel gebeurd. De rechtmatigheid zal men in goede samenhang met de organisatie moeten oppakken. Er moest een pas op de plaats gemaakt worden en men kon de goedkeuring van rechtmatigheid niet geven. Het is zichtbaar dat er een stap is gemaakt om de risico's zichtbaar te maken. Als accountant is hij blij dat er meer helderheid ontstaat over de projecten. Wat opvalt is dat de tegenvallers met name in de projecten zitten. Het is toegestaan om alle kosten voor de projecten als bezitting te beschouwen. Men moet wel de zekerheid hebben dat men die kosten weer terugverdient. Die match is erg ingewikkeld bij complexe projecten en daar is een goede ambtelijke organisatie voor nodig om de risico's goed in beeld te krijgen. Aan de kosten van de projecten liggen goede facturen ten grondslag. Het is vreselijk moeilijk om de terugverdiencapaciteit in beeld te krijgen. Men ziet wel degelijk verbeteringen in de aanpak. De projecten zijn echter zeer complex. De informatievoorziening moet goed en tijdig op orde zijn. Men rapporteert als adviezen niet worden opgevolgd. Men kan echter pas achteraf de juistheid vaststellen. Als men de jaarrekening niet goedkeurt zal men precies uit moeten leggen wat er dan in de jaarrekening fout is en dat is bijna niet te doen. Er moet een goede afspraak komen tussen college en raad over het omgaan met de adviezen. Alle adviezen hoeven evenwel niet opgevolgd te worden. Pagina 5 1 04 ferslach 12062007/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 8