De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.7 Foarstel om gjin meiwurking te jaan oan it legalisearjen fan in túnhúske op it perseel Djerreblom 17 te Grou De hear Bouma (VVD): Men heart berjochten dat net op alle punten hanthavene wurde kin. Nef- fens de eigner is de proseduere fan de gemeente net yn oarder. Mefrou Meinderts (CDA): It argumint dat mear romte permaninte bewenning yn de hân wurkje soe fynt sy swak. It CDA stimt lykwols mei it foarstel yn, want men moat grinzen stelle. Wethâlder Minkes: Ynkoarten komt der in teamlieder foar hanthaving en dan kin der in plan fan oanpak makke wurde. It foarlizzende gefal is dúdlik genôch. It giet om in rekreaasjewente en by útwreiding fan romte leit it gefaar fan permaninte bewenning op 'e loer. It giet om in boufergun- ning artikel 19, lid 1Sy soe adviseare wolle om fêst te hâlden oan de regeljouwing. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.8 Foarstel oangeande it wizige fêststellen fan it bestimmingsplan Staande Mastroute ear- der trasee Wergea-east. De hear Vellinga (PvdA): De PvdA het gjin probleem mei it foarstel. It is in befêstiging fan de besteande situaasje. Wêrom wurdt it stik grûn net meinommen yn it bestimmingsplan bûtenge- biet? It kostet sa allinne mar mear jild. De hear Bouma (VVD): Wêrom kin it kolleezje net temjitte komme oan it fersyk fan in boer dêr om it ta it bûtengebiet te rekkenjen sadat der foar him mear mooglikheden foar útwreiding binne? De hear Seldenrust (FNP): De sitting hat al plakfûn. Wat is dêrfan bekend? It kolleezje hat al in beslút nommen en dat fynt er wol al te flot. Wethâlder Minkes: It hat in histoaryske achtergrûn dat it net ûnder it bûtengebiet fait. Op 13 au gustus lei de saak by de Rie fan Steat. It wie in saak tusken provinsje en belutsene. De utspraak komt mei twa oant fjouwer wike. De hear Bouma (VVD): De útwreiding fan it boublok leit yn Wergea-kom en de boer hie dat leaver hân yn it bûtengebiet. Wethâlder Minkes: Sy kin sa net sizze oft dêr in grut ferskil yn sit. Twadde termyn De hear Seldenrust (FNP): Nimt oan dat de datum fan 7 septimber 2007 fout is. Wethâlder Minkes: Dat sil korrisjearre wurde. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.9 Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar de aktualisaasje fan bestimmingsplannen Mefrou Esser (PvdA): It is tige wichtich om de aktualisaasje troch te setten. It kolleezje soe elk healjier in rapportaazje jaan moatte oer de fuortgong. De taljochting op de finânsjes is ek net sa dúdlik. Graach wat mear spesifikaasje dêroer. Sy soe ek graach witte wolle wat it takom jier ekstra kostet. Pagina 7 1 03 Ferslach 28082007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 10