De hear Riemersma (FNP): Is net bliid mei de ekstra kosten, mar it sil wol moatte want oars soe it noch mear kostje kinne. De ynwenners fan Boarnsterhim binne ek net bliid mei de âlde bestim- mingsplannen. 67 plannen binne âlder as 10 jier. De hear Van der Meer (GB): Hij mist de stand van de post onvoorzien. Wethâlder Minkes: It proses wol noch net echt trochsette. De lytse kearnen binne oanlevere en dat kin fierder yn de proseduere. De post fan 325.000 euro kin spesifearre wurde fia op besjen lizzen foar de folgjende gearkomste. Prosedueres kinne in protte tiid freegje. Sy fynt it in goed idee dat de ried de finger oan de pols hâlde wol. Troch de oanpak sil der dochs Ijocht oan de ho rizon komme moatte. Twadde termyn Mefrou Esser (PvdA): De rapportaazje soe ek oer de fuortgong gean moatte en net allinne oer de finansjes. Wethâlder Van der Meulen: De bedraggen en de stân fan de post ûnfersjoen sille de oare kear der by set wurde. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.10 Foarstel oer it ûndersyk doelmjittigens en doeltreffendheid begraven/ûnderhâld be- graafplakken Mefrou Veldstra (FNP): Bepaalde saken sille weromkomme yn it ûnderhâldsplan. De FNP kin vne- arsten akkoart gean mei it ûndersyk. De hear Gerbrandij (CDA): Sa tinkt hy der ek oer. Der is troch boargersaken in moai stik wurk Mefrou Esser (PvdA): Slut har oan by de foarige sprekker. It giet om grutte bedraggen en der soe neffens har mear oan te dwaan wêze om de kosten leger te hâlden. Foar de administraasje kin gebruk makke wurde fan de begraffenisferienings. It begraafplak by Grou soe sletten wurde en dat besparret 38.000 euro. Mei oanbesteging kinne de kosten ek noch wat leger wurde. Kin der net fia ynternet publisearre wurde ynstee fan mei de âlderwetske buorden? De PvdA kin vnstim- me mei it stik. Wethalder Van der Meulen: Betanket de ried foar de kompliminten. Gebrûk meitsje fan de admini straasje fan begraffenisferienings kin mar foar in part. De ferienings fersoargje net alle beqraffe- nissen. As minsken by it grêf komme en de buorden sjogge dan sillle sy har miskien earder melde as mei ynternet. Men sil besykje om sa skerp mooglik yn de oanbesteging te wezen om de kosten yn de han te halden. Twadde termyn Mefrou Esser (PvdA): Wurde de begraffenisferienings der no al of net by belutsen? Wethâlder Van der Meulen: Yntern sjocht men net direkt it foardiel dêrfan, mar hy wol it noch De foarsitter: As A-stik nei de ried. Pagina 8 rif TAnrli-rtM 1 03 Ferslach 28082007/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 11