3.11 Foarstel om it ûnderhâldsplan begraaf plakken fêst te stellen De hear Gerbrandij (CDA): It fait op dat der in protte gemeentlike begraaf plakken binne. Dat soe troch de weryndieling kommen wêze. Wêrom wol men yn Aldeboarn it begraafplak slute? As minsken har net melde dan ferfalle de begraafrjochten dochs? It kin ek wêze dat minsken de grê- frjochten ôfkeapje. It moat wol safolle mooglik kostendekkend wêze. Oangeande de buorden op side 29: dêr fielt er neat foar. Elkenien kin it reglemint op it gemeentehûs ynsjen en sa kin men it jild foar de buorden besparje. It CDA kin wol meigean mei de oanfoljende winsken ûnder punt 6. Mefrou Veldstra (FNP): Der wurdt praat oer in urnemuorre. Grou en Akkrum komme dêrfoar yn de beneaming. Is soks net mooglik foar de oare doarpen? By Raerd mist sy it neamen fan it baar- hokje. De beplanting sil opknapt wurde. Giet it ek om de grutte beammen? De hear Van der Meer (GB): Hij is op zich blij met de borden. Wat doet men met de reserve on derhoud graven? Het plan zou toch in de perspectiefnota meegenomen worden? Mefrou Esser (PvdA): Men kin ynstimme mei fariant 4. Der is no noch in jierliks tekoart fan 100.000 euro. It soe kostendekkend wurde moatte. Sy mist in oersjoch mei alle wichtige posten by elkoar. It is dochs in ynvestearing fan sa'n 1,3 miljoen euro. De tariven soene fan 2014 óf wol mei sa'n 2/3 prosint omheech kinne. Wethâlder Van der Meulen: It is de plicht fan de gemeente om de begraafplakken goed te ûnder- hâlden. Men kin mei de tariven net te bot ófwike fan oare gemeenten. Men sil letter nei sa'n 7/8 jier wo' wer ne' de tariven sjen moatte. Der wurdt net sa'n soad gebrûk makke fan it begraafplak yn Aldeboarn en it bringt wol in protte kosten mei him mei. De kar foar urnemuorren by doarpen fan minimaal 3000 ynwenners is arbitrêr. As men kiest foar de mooglikheid yn lytsere doarpen dan sil dat finansjele konsekwinsjes hawwe. Mefrou Veldstra (FNP): Is der fraach út de oare doarpen wei? Wethâlder Van der Meulen: Syn yndruk is net dat der in protte fraach is. De foarsitter: Wijst op het initiatief in Aldeboarn om op eigen kosten een urnenmuur te realiseren. Mefrou Esser (PvdA): Zou graag zien dat er overleg is met de begrafenisverenigingen. De hear Gerbrandij (CDA): Dat hat net safolle sin want de tsjerkhóven binne fan de tsjerkfâldijen. Wethâlder Van der Meulen: Hy sil sjen nei it baarhokje yn Raerd. By de beplanting giet it benam- men om de beplanting om de begraafplakken hinne en net sasear om de beammen. It is in op- bringstepost en dêrom is it net by de perspektyfnota belutsen. Twadde termyn De hear Gerbrandij (CDA): Wat foar regeling is der by ófkeap nei 20 jier? Mefrou Veldstra (FNP): De FNP is ek net foar buorden op it tsjerkhóf. De ynkomsten bringe de gemeente wol foardiel op, mar men belestet de ynwenners der ek mei. Dat moat men wol sa goed mooglik yn de hân hâlde. De hear Van der Woude (PvdA): Wol de FNP net nei kostendekkendheid ta? Mefrou Veldstra (FNP): It is wol in ferheging fan lésten (2 x 14% yn 7 jier). Pagina 9 1 03 Ferslach 28082007/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 12