De hear Van der Woude (PvdA): Kin men in amendemint ferwachtsje? Mefrou Veldstra (FNP): Nee. Men moat de tariven lykwols net al te maklik ferheegje wolle. Wethâlder Van der Meulen: De gemeente jout gjin grêven yn eigendom út. Men kin it ûnderhâld foar in bepaalde perioade ferlinge. By eigendomssituaasjes is dat oars. Men moat oangeande de ferheging fan lésten de finger goed oan de pols hélde. De foarsitter: Op fersyk fan de hear Van der Meer as B-stik nei de ried. 3.12 Foarstel om it "Gemeentelijke Restauratie Uitvoeringsprogramma 2007-b De hear Seldenrust (FNP): De prioriteiten 10 oant en mei 15 hawwe gjin mooglikheid foar sub- sydzjes foar 2012. Nei 2011 komt it jild direkt fan it Ryk. Wat bart der tuskentiids as der needs- aaklik gebrûk makke wurde moat fan restauraasje? Is dêroer publisearre dat it nei it Ryk ta giet? Wethélder De Vries: De gemeente kommunisearret mei de eigners oer de feroaring fan regels. Der is gjin jild foar de neamde ûnderdielen op de list. As der ûnfersjoen wat bart, dan kin de ried be- slute om dér jild foar beskikber te stellen. De eigner hat lykwols ek in stikje ferantwurdlikheid dér yn. De hear Seldenrust (FNP): De eigners siile der net sa wiis mei wêze dat men oant 2012 wachtsje moat. Wethélder De Vries: It is gjin jild fan de gemeente; it giet oer de ferdieling fan it jild fan it Ryk. Men docht wat men ridlikerwize dwaan moat. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.13 Foarstel oangeande it beliedsferslach Werk en Inkomen 2006 De hear De Jong (PvdA): Als men de ontwikkelingen van de bijstandsuitkeringen afzet tegen ontwikkelingen bij vergelijkbare gemeenten dan scoort Boarnsterhim slechter. Hoe kan dat? Er zou meer afstemming moeten plaatsvinden tussen WMO, WWB, WSW, etcetera. Hij heeft daar nog geen uitwerking van gezien. Mefrou Meinderts (CDA): Dat de saken goed op oarder binne is fansels prima. Is der al wat be kend oer it wurk fan de jobhunter? Hoe rint it reyntegraasjetrajekt? Wethélder Minkes: Oer de prestaasjeferliking mei oare gemeenten: Earder wie de útstream yn Boarnsterhim heger as yn de oare gemeenten. De groep dy't bemiddelber is nei regulier wurk wurdt hyltyd minder maklik. By de WMO wurdt socht nei mooglikheden fan frijwilligerswurk. Foar yndisearren út de WSW wurdt jild brûkt út de trajekten fan de WWB. Dér sjocht men de keppeling WSW/WWB. Om yn te boargerjen moat men in reyntegraasjetrajekt folgje. De jobhun ter soe fia Op 'e Hichte wat mear omtinken krije kinne. It giet om echt maatwurk. Twadde termyn Mefrou Meinderts (CDA): Benadert de jobhunter minsken en/of bedriuwen? De hear De Jong (PvdA): De wethouder schetst het beeld van de remmende voorsprong. Dat zou volgens hem best kunnen kloppen. Is het verstandig om voor de harde groep een jobhunter aan te stellen? Zijn er bij het vrijwilligerswerk niet meer mogelijkheden voor die groep? Pagina 10 1 03 Ferslach 28082007/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 13