De hear Bouma (VVD): De VVD hat foar alternatyf 2 keazen. De hear Van der Meer (GB): Is de 5.000 euro nog nodig voor dit jaar? Griffier Frensel: De volgende avond is er overleg met de rekenkamercommissie. Men moet dan wel weten wat het budget is. De rekenkamer wil niet aan een onderzoek beginnen als men het niet kan afmaken. Mefrou Dekker (PvdA): Mei it lytse budzjet dat der is soe neffens de foarsitter fan de rekkenkea- mer noch in lyts ûndersyk dien wurde kinne. De hear Van der Meer (GB): Hij begrijpt uit de woorden van de griffier dat de rekenkamer tot 1 januari op non-actief staat. Mefrou Veldstra (FNP): De FNP hâldt fêst oan alternatyf 2. De rekkenkeamer docht goede dingen en dat is it jild wol wurdich. De hear Gerbrandij (CDA): Guon fraksjes binne fierder mei it jild as mei de tiid. De akkountant is fuort. Binne der noch ferplichtingen nei Deloitte ta? Hoe wol men as ried de kontrôle en neikalku- laasje hawwe? Mefrou Veldstra (FNP): In akkountant hat neffens har in hiele oare rol as in rekkenkeamerkommis- je. De hear Gerbrandij (CDA): Hy wol de akkountant mear syn gerak jaan. Elke ried moat in rekken keamer hawwe. De ried kin seis mei bepale hoe djip as de akkountant de saken ûndersykje moat. De hear Bouma (VVD): It giet neffens him oer twa ferskillende saken. Mefrou Dekker (PvdA): In rekkenkeamer soe bygelyks it draachflak foar in akwadukt ûndersykje kinne. Dêr hat in akkountant dochs neat mei te meitsjen? De hear Gerbrandij (CDA): De akkountant moat dochs ek de rjochtmjittichheid en doelmjitticheid neigean? Men hat de sinten net foar de rekkenkeamerkommisje. De hear Seldenrust (FNP): Geane dan neffens it CDA de opdrachten nei de akkountant en hat men dan op papier in rekkenkeamer? De hear Gerbrandij (CDA): De rekkenkeamer krijt by it CDA in mindere fergoeding. De hear Riemersma (FNP): It CDA wol dus dat de rekkenkeamer har mei it besteande budzjet ré de moat? De hear Gerbrandij (CDA): Ja. Twadde termyn De hear Van der Meer (GB): Onderzoeken door de rekenkamer betalen zichzelf terug. Het budget kan men per onderzoek bepalen. Dan is men echter afhankelijk van de raad en daarom trekt hij dit voornemen terug. De meerderheid van de partijen is voor alternatief 2 en GB wil daarin meegaan. Maar hij wil nu wel 5.000 euro beschikbaar stellen zodat de rekenkamer ook dit jaar haar werk nog kan doen. Pagina 12 1 03 Ferslach 28082007/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 15