Wethâlder Minkes: Der hat in beswiereproseduere plakfûn oer de plannen foar sjalets foar de Spring. Neffens it kolleezje past it net yn it bûtengebiet. De Kommisje Berop en Beswier fynt it net ferkeard om dochs sa'n proseduere yn te gean. It kolleezje fersiket de Spring mei in foarstel mei in romtlike Onderbouwing nei de ried te kommen. b. Mienskiplike Regelingen: Gearkomstestikken Algemien Bestjoer fan Hûs en Hiem op 29 juny 2007 Jaarboek 2006 Omrin De foarsitter: Gjin fragen of opmerkingen. 2.2 Foarstel om kennis te nimmen fan it ûntwerpbeslút fan it kolleezje oer it dielnimmen fan BoBoB yn de "Coöperatie openbaar primair onderwijs Fryslân" De hear Van der Meer (GB): Wie zijn de deelnemende gemeenten? En wat is de meerwaarde van deelname hieraan? Wethâlder Van der Meulen: Wit it eksakte oantal net. Hy sil dat noch trochdwaan. Der fynt in stik kennisútwikseling plak. 2.3 Foarstel om kennis te nimmen fan it "Gebiedskader Midden Fryslân 2007-2013" Mefrou Veldstra (FNP): Der wie in moai boekje by meistjoerd. Op besjen lei 'Plattelânsprojekten Midden Fryslân (mei weromblik fan 2006 en it jierplan fan 2007)'. Der steane in tal nijsgjirrige dingen yn. Elke fraksje hie it boekje eins hawwe moatten. Sy neamt bygelyks it projekt de 'Land- bouwbrug over Dearsumeropfeart'. Men krijt it letter yn de gearkomste noch oer de beheining fan regeljouwing. De oanfreger hat gâns opûnthâld troch in prosedurele kwestje. As er net oer de brêge kin, dan moat er mei syn ark troch de doarpen yn de Legeaen. De foarsitter: Wijst erop dat de raadsleden zelf ook het boekje kunnen inzien of kopiëren. Mefrou Esser (PvdA): Merkt op dat men yn maaie al hiel wat ynformaasje oer Plattelânsprojekten hân hat. Wethâlder Van der Meulen: Wiist derop dat it de wurklist is fan Plattelânsprojekten is. 2.4 Foarstel om kennis te nimmen fan de gearkomstestikken fan BoBoB Mefrou Veldstra (FNP): Ut it ferslach docht bliken dat der al in hiele tiid gjin oerlis mei it OGO is. Wannear wurdt it húsfestingsplan fêststeld? Wethâlder Van der Meulen: Der wienen gjin agindapunten foar it OGO. Ynkoarten komt it húsfes- tingsplan yn de ried. 2.5 Foarstel om kennis te nimmen fan it foarnimmen ta it hersjen en it deregulearjen fan de APV Boarnsterhim By dit punt nimt de hear Gerbrandij it foarsitterskip oer. De hear Zijlstra (CDA): Men wol oanslute op it model fan it VNG. Neffens it CDA mei der noch wol wat mear deregulearring komme en dat soe men it béste oan de ynwenners fan de gemeente oerlitte kinne. Der soe bygelyks in meldpunt foar komme kinne. Mefrou Dekker (PvdA): Wat wol it CDA dan mei de suggestjes dwaan? De hear Zijlstra (CDA): Dy sil de ried hifkje moatte en dan soe men dêroer beslute moatte. Pagina 3 1 03 Ferslach 28082007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 6