De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.3 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen en mei te wurkjen oan it bouplan foar in weinloads op it perseel Tzienzerbuorren 14 te Reduzum De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.4 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen en mei te wurkjen oan it bouplan foar it op- rjochtsjen fan in wente yn in pleats op it perseel Rijksweg 38 te Jirnsum De hear Riemersma (FNP): Hoefolle ienheden sitte der noch yn it snipperkontingint? En is dat it- selde as de knipepuntenpot? Wethâlder Minkes: De knipepuntepot bestiet út kontinginten dy't yn Ljouwert net fuortset wurde koenen. Ynkoarten komt der in oersjoch nei de ried. Oangeande de 25 snipperkontinginten: foar dy kontinginten hoecht men net spesjaal nei de pro- vinsje ta. Nei 2010 moat men dy kontinginten wer ynleverje. It is dus in sigaar út eigen doaze. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.5 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen foar it gebiet Oude Schouw en omjouwing De hear Van der Woude (PvdA): It is in frij komplekse situaasje. Is it net ferstannich om wer in tariedingsbeslút te nimmen? De hear Riemersma (FNP): It tariedingsbeslút rint oan 13 septimber 2007. Op 19 septimber giet it nije beslút pas yn. Yn april 2007 is der alris in plan yntsjinne. Alle saken dy't yn sa'n jier fan in tariedingsbeslút yntsjinne wurde moatte besjoen wurde. As it nei it âlde bestimmingsplan mei, dan kin men der net ûnder út. Dat is ek alris yn Terherne bard. Is dat hjir ek it gefal? Der meie twa tsjinstwenningen komme. Dêr soe men noch in temajûn oer hawwe. De hear Van der Meer (GB): De in gang gezette ontwikkeling wordt beschreven. Het is geen ba jonetaansluiting, maar een kleine omlegging. Als het nu al onveilig is met het kleine aantal boten, dan zal het straks nog onveiliger worden. Citeert: 'Een afweging van dit verzoek zal moeten plaatsvinden nadat het college een besluit heeft genomen ten aanzien van de aanvraag van de bajonet'. Men had toch afgesproken dat over alle zaken van het Friese Merenproject de raad zou kunnen besluiten? Wethâlder Minkes: De diskusje is noch geande mei de provinsje. De gemeente lit in lânskipsadvys útbringe en it sil dan ek net binnen in jier ôfhannele wurde kinne. Der sit yndied in gat yn it tarie- dingsbeslút fan 6 dagen. It ferskil mei Terherne is dat der gjin konkrete bou-oanfraach leit en dan kin men folstean mei de beskerming. Men soe by in tariedingsbeslút mei in jier eins út de diskusje wêze moatte. By in tariedingsbeslút leit earst alles stil. In ûntwerpbestimmingsplan kin noch net omdat men noch net út de bajoneto- ansluting is. Der kin net op it stik ynsprutsen wurde omdat it noch ûnderdiel is fan beswier en berop. De hear Van der Meer (GB): Wat is de meerwaarde van een bajonetaansluiting? Wethâlder Minkes: Dat is Onderwerp fan diskusje mei de provinsje. It is in yngreep yn it lânskip en de provinsje hat it noch net foldwaande Onderhoud. Wethâlder De Vries: De ried beslút oer de útfiering fan de projekten fan it Fryske Marreprojekt. It kolleezje hâldt har wol dwaande mei de tarieding en as men in plan hat, dan komt it kolleezje dêrmei nei de ried ta. Pagina 5 1 03 Ferslach 28082007/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 8