Wethâlder Van der Meulen: By de begrutting kin de ried fêststelle oft men de opbringsten mein- imme kin yn it produkt en sa komt men ta in better kostendekkend nivo. Foar it bedrach fan 35 euro moat de oanpassing kostendekkend útfierd wurde kinne. Men fer- wachtet net dat mei it foarstel de gemeente mei it mear yllegaal stoarten fan ôffal konfronteard wurdt. Der moat noch sjoen wurde nei de ferwurking fan keunststof. Letter yn it jier wurdt de ried ek op 'e hichte brocht oangeande de stân fan saken by Omrin. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): Men giet fan de ferûnderstelling út dat de boarger minder ôffal hat. Dat doocht neffens him net. De hear Vellinga (PvdA): Syn kompostfet stiet noch hyltyd by argumint 1.1. De hear Van der Meer (GB): Wanneer kan men een evaluatie verwachten? Wethâlder Van der Meulen: De ferwachting is dat guon minsken straks túnôffal yn in kompostfet smite sille. De evaluaasje soe nei in jier plakfine kinne. De hear Vellinga (PvdA): Siteart: 'Wij kunnen denken aan het uitgeven van compostvaten'. Is 'wij' de gemeente? Wethâlder Van der Meulen: De boarger soe oan in eigen oanskaf fan in kompostfet tinke kinne. It sil tekstueel noch eefkes besjoen wurde. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.3 Foarstel oangeande kontraktferlingingen foar ynhier eksterne meiwurkers. By dit punt nimt de hear Gerbrandij it foarsitterskip oer. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Helaas zijn de stukken eerder bij de pers terechtgeko men dan bij de raadsleden. Men zal in het vervolg ervoor zorgen dat dit niet meer voorkomt en dat men de stukken direct in de bus krijgt. De hear Van der Woude (PvdA): De fraksje wie poer dat men it út de krante lêze moast. Hy kin it ekskús fan it kolleezje lykwols akseptearje. Der is in protte ekstra jild nedich. De earste kontrak ten binne al yn augustus/septimber ôfrûn. Wêrom hat men dêr yn july gjin ynformaasje oer krige? De PvdA giet net akkoart mei punt 3. It bedrach rint oant 1 jannewaris. As it needsaaklik is om nei 1 jannewaris kontrakten te ferlingen dan kin men dat yn desimber noch regelje. Punt 2: De yndividuele ferplichting soe dan in foech fan de ried wêze. Hy fynt net dat men as ried managers ta ferantwurding roppe kin, mar de ried kin wol it kolleezje ta ferantwurding roppe. Op dit mo- mint docht er gjin útspraak oer punt 1want der komt de kommende wiken noch in protte yn formaasje nei de ried ta. De hear Bouma (VVD): De VVD-fraksje wie ek ferbjustere dat men it út de krante fernimme moast. It hie ek earder yn de ried oan de oarder komme moatten. De VVD is der noch lang net oer út, want der ûntbrekke noch te folie gegevens. Men wit byge- lyks net hoe't de post ûnfersjoen der foar stiet. Hat it kolleezje de rezjy der noch wol oer? Wat fynt de MR derfan? Men wit net hoe't de finânsjes der foar steane. Allinne foar de gemeentese- kretaris kin men it fiat jaan. Foar guon kontrakten komt men by deselde firma telâne en dat is neffens him net in goede saak. Men kin ek by oaren offertes oanfreegje. Pagina 7 1 03 ferslach 11092007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 10