De hear Kuntz: Er is wel minder papierwerk. Er wordt een gebruiksbesluit opgesteld. Als de on dernemer eraan voldoet hoeft hij geen vergunning meer aan te vragen. De gemeente zal dan nog wel moeten handhaven. Mefrou Veldstra (FNP): Sy hat in protte wurdearring foar de frijwilligers. Is der op dit momint in tekoart? De hear Kuntz: Nee. De foarsitter: Betanket de hear Kuntz foar de presintaasje. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer wurklistpunten 3.2 Der binne gjin ynsprekkers. 3.2 Foarstel om standertpakketten foar it ynsammeljen fan ôffal fêst te stellen De hear Vellinga (PvdA): De gemeente hat in goede namme oangeande it ferwurkjen fan ôffal. De mooglikheid foar it omruiljen fan in grutte nei in lytse kontener is in goede saak. Wêrom moat men dêrfoar 35 euro betelje? Bringt de administraasje net mear kosten mei him mei? As der min der mooglikheden binne om ôffal nei it bringstasjon te bringen, krijt men dan net mear yllegale stoart? Stelt de gemeente kompostfetten beskikber? Hy hopet fan net want it wie earder net in sukses. Hy hie leaver in bettere sifermjittige Onderbouwing fan it stik sjoen. De hear Hemminga (GB): Ek syn wurdearring foar de ôffalferwurking yn de gemeente. It is kos tendekkend en der is net in protte misbrûk. Is de konstatearring fan 2000 oer de skieding fan ôf- fal noch wol fan tapassing? Wurdt de omfang fan it ôf f al wol lytser troch lytsere konteners? Hy nimt oan fan net. De omruil sil dan ek gjin effekt hawwe en bringt in in protte administrative rompslomp mei him mei. Der sil in bettere kontrôle wêze moatte by it bringstasjon op ôffal oft it wol út de eigen gemeente komt. Mefrou Veldstra (FNP): Der moat fia Op 'e Hichte in goede kommunikaasje nei de ynwenners ta wêze oer de feroarings. It soe eins mei yngong fan 1 jannewaris ynfierd wurde moatte. Komme der aparte konteners foar keunststofôffal? Binne der noch Ontwikkelingen binnen Omrin (oange ande it útstappen fan Smellingerlân)? De hear Gerbrandij (CDA): As der partikulier stoart wurdt, moat der yndied op hanthavene wurde. Dat is in goede saak. Wethâlder Van der Meulen: Der moat dúdlik kommunisearre wurde mei de boargers en dêrta ferskynt in spesjale útjefte fan Op 'e Hichte. Men is by in goede trochrekkening net hielendal kos tendekkend. De hear Hemminga (GB): Men hie it oare jier dochs 140.000 euro oer? Wethâlder Van der Meulen: Men makket in ynskatting en der binne oare komponinten dy't net goed tarekkene binne. Dêr wol it kolleezje skerper yn wêze as yn it ferline. De partikulier kin noch 10 kub oanleverje en hy tinkt net dat der mear yllegaal dumpt wurde sil. Foar bedriuwsôffal moat betelle wurde. Der wurdt kontroleard fia de postkoade. Mefrou Dekker (PvdA): Is it foarstel dat foarleit kostendekkend? Pagina 6 1 03 ferslach 11092007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 9