Wethâlder Van der Meulen: De PvdA hat it oer in mooglik kommersjeel doelgroepebad. Dan moat men ôfstappe fan in rekreatyf 25 m bad. It is oan de ried om dêr oer te oardielen. Fynt de ried it ferantwurde om mei it besteande risikoprofyl sokke operaasjes oan te gean? It kolleezje wol út- gean fan reële saken. By de leezjesferoardering sil men sjen oft ien en oar noch wol kostendek kend is. It is oan de ried om in finansjeel platfoarm yn te stellen. De hear Van der Meer (GB): Heeft het de steun van de wethouder? Wethâlder Van der Meulen: Hy hat der begryp foar fanút it perspektyf fan de ried. De foarsitter: In de werkgroep dualisme is het besproken. Men zou in januari zo'n platform willen instellen. Wethâlder Van der Meulen: Miskien is der yn it ferline wol wat te min oan de boarger frege foar wat der bean is. De hear Van der Meer (GB): is het niet eens met de zinsnede dat de burgers misschien te weinig betaald zouden hebben. Hij ziet nog wel problemen met de doelstellingen van de taskforce betref fende de financiën in de toekomst. Wordt dat nog onderbouwd? Wethâlder De Vries: De tuorren yn Akkrum en Aldeboarn binne yn eigendom fan de gemeente en der moat wat oan dien wurde omdat der oars letter noch mear kosten komme. De doarpen span ne har al mear as genôch yn om de tsjerke te behâlden. It ûnderhâldswurk is al in skoft útsteld. De hear Zijlstra (CDA): Hy wol de doarpen der net foar opdraaie litte. In stichting kin mear sub- sydzje binnenhelje. Hy wiist op de aksje foar de Sint Piter yn Grou. Wethâlder De Vries: Elke suggestje om jild te generearjen is wolkom. Oangeande de Borgmolen: It kolleezje is mei de stichting oan de slach om it hannen en fuotten te jaan. Op de jierskiif bliuwt de 65.000 euro stean. Hy wit net fan it troch oaren neamde hegere subsydzjebedrach. Der is in spanningsfjild tusken saken dy't foar de mienskip nedich binne. Dat freget om ôfwagings. Mefrou Veldstra (FNP): Der is al 82% dutsen mei ekstern jild ûnder it betingst dat it foar desim- ber run wêze moat. De hear Van der Woude (PvdA): Wêr moat neffens de FNP it ferskil út dutsen wurde? De hear Bouma (VVD): It stekt kwa subsydzjerindemint fier boppe dat fan it Fryske Marreprojekt út. Wethâlder De Vries: Hy fynt it tige ferfelend dat er sokke keuzes meitsje moat. Mefrou Veldstra (FNP): Der binne tasizzings dien troch de gemeente. Der leit 82% subsydzje On der. Men is no noch net dwaande mei de begrutting en dêrom wurdt der noch gjin dekking troch har oanjûn. De hear Van der Meer (GB): Bedoelt de wethouder dat men kiest voor wat men het beste vindt voor de inwoners? De hear Zijlstra (CDA): Moat de heechste subsydzje foarrang krije? Pagina 7 1 03 Ferslach 25 09 2007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 10