Wethâlder De Vries: Dy binne ôffierd. Mefrou Veldstra (FNP): Dat fernuveret har, want der binne ófspraken oer makke. In protte yn- sprekkers hienen te meitsjen mei de brede skoalle en it Fryske Marreprojekt. Sy is benijd hoe't it foarstel fan de kolleezjepartijen oer it fytspaad finansjeel oanpakt wurde sil. As de gemeente de renovaasje fan de tennisbaan oppakke wol dan by foarkar yn de winterstop. Mei 14 dagen kin men mei moasjes en amendeminten komme. De hear Bouma (VVD): De VVD sil ek de kommende 14 dagen sjen mei wat foar foarstellen men komt. De finânsjes bliuwe soarchlik. De hear Van der Meer (GB): Het CDA rekent zich rijk voor wat beteft de toekomst. De 150.00 euro moet geoormerkt blijven voor het zwembad. GB kiest voor de eigen inwoners. Alleen voor of tegen iets zijn is geen echt alternatief en dat vindt hij erg jammer. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA is it iens mei it foarstel fan it kolleezje. In ynsprekker kin net rjochtstreeks fragen stelle oan it kolleezje. Dêrom stelt sy de fraach. Hoe sit it oangeande de ten nisbaan mei de renovaasje en privatisearring yn folchoarder fan tiid? Hoe wurdt de trochkyk oer 14 dagen behannele? Sy hat net in protte kaders sjoen dy't oan ried en kolleezje meijûn binne. Wethâlder Van der Meulen: De keuzes fan it CDA fynt it kolleezje oerflakkich en net ferstannich. It kolleezje woe graach input foar de begrutting hawwe en as dy der net komt fan de ried dan fol- let it kolleezje dat seis oan. As de ried fynt dat der noch wat ûndersocht wurde moat oangeande it fytspaad dan wol er dat graach heare. De hear Van der Meer (GB): Er staat: 'neem kennis van'. Het college geeft geen echte alternatie ven. Wethâlder Van der Meulen: De ried is seis wol by steat om in kar te meitsjen. Wethâlder De Vries: Der is al ris in foarstel foar de tennisbaan kommen. It kolleezje skriuwt: voordat tot overdracht kan worden overgegaan dient eerst een renovatie te worden uitge voerd...'. Der is ôfpraat dat der renovearre en privatisearre wurdt. Mefrou Dekker (PvdA): De wethâlder soe it de hear Suk útlizze moatte. Wethâlder De Vries: Seit dat ta. De foarsitter: Het onderwerp is voldoende besproken en het voorstel komt over twee weken ter besluitvorming voor. De punten 3.3 en 3.5 worden verschoven naar de volgende avond. Zij schorst de vergadering voor 5 minuten. De foarsitter: Heropent de vergadering 3.3 Foarstel oangeande it realisearjen fan de Brede Scholen yn Akkrum en Grou Dit punt is ferskood nei de folgjende gearkomste. 3.4 Foarstel oangeande oanfraach subsydzje Brede Scholen yn it ramt fan Boppeslach (pro- vinsjale ûnderwiisnota) Mefrou Veldstra (FNP): It haaddoel is om in bydrage te leverjen oan it ferbetterjen fan it Fryske basisûnderwiis. Binne de doelstellings wol reëel en komt der in evaluaasje? Der binne 3 ynfals- Pagina 9 1 03 Ferslach 25 09 2007/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 12