hoeken. It kolleezje hat de foarkar foar punt 3. Wurde de earste punten ek meinommen? Want it yntegraal taalbelied is it stribjen fan de nota Boppeslach. BoBob en OOGO wolle ynfloed op de beneaming fan de koördinator hawwe. Nimt men de funksje-eask Frysk ek mei? Yn it útfierings- kredyt brede skoallen sit neffens har de dekking al. De hear De Boer (PvdA): De kwaliteit fan it taalûnderwiis moat neffens him wiermakke wurde. Men moat der ek altyd foar wêze om de Onderwijskundige kwaliteit op in heger peil te bringen. Oangeande punt 3: In brede skoalle is net allinne in gebou. De mooglikheden fan de bou moatte optimaal benut wurde en dêrom moat it Onderwiiskonsept dêrop oanslute. De hear Zijlstra (CDA): It is de ferantwurdlikheid foar de gemeente om der in goede skoalle del te setten. Is de ferantwurdlikheid foar it konsept net in ferantwurdlikheid fan de partners? De hear De Boer (PvdA): Dat is in mienskiplike ferantwurdlikheid. Der is subsydzje beskikber. It moat trochgean want dy stipe is foar it Onderwiis nedich. De hear Van der Meer (GB): GB heeft geen probleem met het aanvragen van de subsidie. Hoe zit het met de andere subsidies voor de 'gezondste, beste en gezondste school van Nederland'? Mefrou Meinderts (CDA): De 45.000 euro moat ekstra út it kredyt helle wurde. It is net de earste brede skoalle en men soe fan oare skoallen saken oppakke kinne. De hear Bouma (VVD): De subsydzjeregeling rint fan 2007oant 2010. Men soe yn 2009 sjen kin ne oft men it dan oanpakke kin. Dêrom kin men it better twa jier útstelle. De hear De Boer (PvdA): Men moat it no oppakke om de brede skoalle as gebou en konsept op timaal brûke te kinnen. Wethâlder Van der Meulen: It ûnderwiisfjild fynt it tige wichtich om de doelstellings realisearje te kinnen. It is in mienskiplike saak fan skoallen, gemeente en de provinsje. Der moat noch in kor- reksje oanbrocht wurde. Yn it foarstel stiet: 'Het zou gedekt kunnen worden binnen het uitvoe ringskrediet Brede School'. It kolleezje stelt lykwols foar om it separaat te dekken. Twadde termyn Mefrou Veldstra (FNP): Fynt dat léste in nuver ferhaal. Wurde de earste twa punten ek meinom men en hoe sit it mei de funksje-eask Frysk? De hear Van der Meer (GB): Hij heeft nog geen antwoord op zijn vraag over de subsidies. De hear De Visser (PvdA): Wol ek graach in taljochting op it net dekken út it útfieringskredyt fan de brede skoalle. Wethâlder Van der Meulen: Syn ekskús dat it foarstel net korrekt is. It is wis dat men de oare subsydzjes krije kin. Punt 1 en 2 kinne troch it ûnderwiis seis oanfrege wurde. Neffens him moat de koördinator op syn minst it Frysk passyf behearskje. De oare subsydzjes kinne pas beskikber steld wurde as de ried in beslút nommen hat. De subsyd zje foar Boppeslach is al troch de provinsje takend. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.5 Foarstel oer it bystjoeren fan it Friese Merenproject Traject H+ Boarnsterhim Dit punt is ferskood nei de folgjende gearkomste. Pagina 10 1 03 Ferslach 25 09 2007/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 13