Het huidige open luchtbad is tot stand gekomen door een grote financiële bijdrage van de ge meenschap. Deze positieve bijdrage kan toch niet zomaar ons worden ontnomen en in het water worden gegooid? Afsluitend. Als het bad niet gelijktijdig gebouwd kan worden in de Brede School is het altijd nog mogelijk om een volwaardig zwembad te realiseren op de plaats van de huidige sporthal in 2010. Bovendien kunnen hier een aantal kostendragers in worden meegenomen op deze A locatie. Wij hopen dat de raad het college de opdracht geeft door met het geoormerkte bedrag van 150.0001 geïndexeerd) alsnog een volwaardig zwembad te realiseren. We hopen dat de raad het college de opdracht geeft: keer terug op uw schreden en creëer samen met de BZC voor de nabije toekomst openingen en dat uitstel geen afstel wordt! Ik dank u. De hear B. Bruinsma: Ynspraak punt 3.3: Foarstel oangeande it realisearjen fan de Brede Skoallen yn Akkrum en Grou Tank dat ik hjir efkes wat sizze mei as foarsitter fan Pleatslik Belang Grou. It is einliks safier: de gemeenteried mei har útsprekke oer it bouwen fan Brede Skoallen yn Ak krum en Grou. Wy wolle ús net tefolle bemuoie mei saken bûten de grinzen fan Grou, dêrom sil ik my beheine ta de Brede Skoalle fan Grou. Al wol ik wol kwyt dat ik bliid bin dat der ek yn Ak krum in nije skoalle komt. It proses oer de nije Brede skoalle yn Grou is nei in stroeve start mei faasje oppakt. Yn it begjin stiene wy wol ris te klapperjen mei de earen: wat in enerzjy, dit wiene wy wol ris oars wend. Ly- kwols yn de léste faze kamen der brekken yn de kommunikaasje en waard der gauris in oerlis óf- sein. It like der ferdomd wol op dat we wer werom wiene yn de tiid doe't partijen ek faak yn it Ongewisse litten waarden. Dat wjerhâldt ús der lykwols net fan om ús - yn begjinsel - posityf út te sprekken oer de plannen sa't dy no foarlizze yn it foarstel. As de plannen út it foarstel útfierd wurde krije wy in moai nij sintrum mei adekwate skoallen, sporthal en guon romten foar oare funksjes. Mar yn ien ding leit ús as Grousters, mar ek as ynwenners fan Boansterhim ferhipte swier; wy leverje in tige wichtige funksje foar us mienskip yn: it swimbad. Dat ûntbrekt yn de plannen en der binne gjin garânsjes dat it der wer komt. En dér kinne wy net mei ynstimme! In wettersportdoarp as Grou mei rûnom wetter hat gjin alternativen foar bern en grutte minsken om feilich te swimmen. Op gjin inkeld plak yn ús doarp of yn it bûtewetter binne der feiliche foarsjennings. It kin dochs net sa wêze dat der aansens yn Grou gjin swimbad, net iens in echt swimplak mear is! Ek foar omlizzende doarpen yn Boarnsterhim en dan benammen foar de bern yn 'e doarpen soe it ferdwinen fan it swimbad in grut gemis wêze. Mar it is nog net te let! Pleatslik Belang wol de ried it folgjende freegje: Jou it Kolleezje de opdracht om oer twa jier, as de nije sporthal klear is, de âlde sporthal óf te brekken en dér te starten mei de bou fan in nij swimbad. Wy ha sterk it gefoel (en oanwizings) dat der troch de gemeente net goed sjoen is nei de eksploi- taasjemooglikheden, en de gemeente net transparant west hat en net genóch regaad slein hat op de foarstellen dy't oanrikt binne troch de Brede Swimbadkommisje. En dat kin in smet wêze op dit proses dat fierder goed ferûn is. Dêrom: gjin fage garânsjes, yntinsjes of politike babbelegûchjes. Nee, wy wolle in hurde ta- sizzing. In kaderstellende en net mis te fersteane opdracht foar dit Kolleezje om in swimbad te realisearjen by de nije Brede Skoalle yn Grou yn it jier 2010! (En wy snappe ek wol dat de wâl it skip keart, mar draai de fraach rjochting it Kolleezje dan mar om: Wat kinne wy krije foar in jier- likse gemeentlike bydrage fan ca 150.000 200.000?) Tankewol Mevrouw H. Smink, voorzitter Jeugd en Jongenwerk Akkrum, Nes e.o. Pagina 15 1 03 Ferslach 25 09 2007/absh/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 18