naast een al bestaande zaal ook nog een zaal in aanbouw in Grou waar 350 mensen ontvangen kunnen worden. De gemeente moet geen concurrentie met ondernemers via subsidies aangaan. Het zwembad trekt nu zo'n 30.000/35000 bezoekers. Een overdekt zwembad trekt misschien zo'n 130.000 bezoekers. Deze mensen zullen grotendeels uit de gemeente komen. Houdt de 1 50.000 euro dus voor het zwembad aan. De hear Bouma (VVD): De VVD hat altyd foar de brede skoalle west. It sit him dwers dat it swimbad der net by sit, wylst der no wol in swimbad is. De swimbadkommisje hat al hiel wat gegevens oanlevere. De VVD hat de konklúzje noch net lutsen dat it foar it jild net kin en ek de brede swimbadkommisje tinkt dat der noch wol mooglikheden binne. Dêrom moat men it swim bad wol meinimme. Wêrom oare ôfmjittings as dy troch de swimbadkommisje nei foaren brocht binne? Hy hat it gefoel dat it kolleezje mei in ferburgen aginda wurket. Mefrou Dekker (PvdA): Wat bedoelt de hear Bouma mei dy ferburgen aginda? De hear Bouma (VVD): Hy hat it fermoeden dat it kolleezje it swimbad op in oar plak realisearje wol, nammentlik by de camping. De hear Seldenrust (FNP): Hy referearret oan opmerkingen fan de ynsprekkers om it gefoel fan de besikers fan de riedsgearkomste wer te jaan. De trije Van der Meulens hienen allegearre oare op- lossings. Lulkens soe ek gjin yndruk op de oaren meitsje, behalve as er stean gie. Hy sprekt syn kompliminten út foar alle belutsenen dy't besocht hawwe om ta in nij swimbad te kommen. Men soe de plannen fan it kolleezje en de brede swimbadkommisje neist inoar lizze. Men is der úteinlik net folie wizer fan wurden. Neffens de gemeente wurdt it te djoer, mar de swimbadkommisje ûntstriidt dat. Hy hat him fernuvere oer it foarstel fan de PvdA om it jild foar it swimbad oer te heveljen nei it fytspaad troch it Leechlân. De wethâlder kin neffens him dat jild net samar by it swimbad weihelje. Nei jierrenlange praatsesjes is de útkomst foar de brede skoalle tige meager. It hat allegearre in hiel protte jild koste foardat de léste projektlieders los koenen. It swimbad is der aanst net mear. Der komt in lytsere seal en der komt gjin horeka yn it kompleks. Sa bliuwt der straks allinne mar in grutte skoalle oer foar trije eardere skoallen en in bytsje romte foar wat partisipanten. Men hie neffens de wurden fan de hear Buiter kontakt hén mei ien persoan en dy soe wol begryp hén hawwe foar it sténpunt fan de gemeente fanwegen de finansjele situaasje. Ut neifraach die bliken dat dy persoan dat sa hielendal net sein hat. De wurden binne ferkeard delset of ferkeard ynter- pretearre. Kin men yn in grutte seal net folie mear? As men de romtes ferlytset, bliuwe der gjin gadingmakkers mear oer. Uteinlik hie men jin in protte muoite besparje kinnen en hienen de skoal le der yn dizze foarm al stean kinnen. It resultaat is hast in anorexiapasjint. It is ek krekt as dat de wethélder hyltyd itselde seit ('As de ried it oars wol dan moat de ried mar oanjaan wêr't it jild weikomme moat'). Wêrom koe de hear Buiter net mei de BZC en de riedsleden ta in fierder ûndersyk fan de mooglik heden fan in nij swimbad komme mei it earmerke jild? Tinkt it kolleezje dat der nei oerlis mei de BZC noch in swimbad te realisearjen is yn de brede skoalle? As dat kin dan wol er graach heare wannear't dat kin. Kin der oars los fan de brede skoalle in swimbad yn Boarnsterhim realisearre wurde? It kolleezje nimt yn it foarstel wol in grutte foarsprong op in noch te nimmen beslút mei de wur den in de Brede school in Grou zal geen zwembad worden gerealiseerd'. Wêr is de 250.000 euro foar as de kosten troch de partner by gearwurking werombetelle wurde? Op de finansjele kostepagina is de fjouwer kante meterpriis oanjûn. It wie yn it earste konsept folie goedkeaper as yn de no lytsere foarm. Hy soe it op de kapitaallêsten diele moatte neffens de hear Brandon. As men dat docht dan is it noch goedkeaper yn de grutte brede skoalle as yn de smellere fariant. Der is dochs jild reserveard in de begrutting foar de brede skoallen? Pagina 2 1 03 Ferslach 26 09 2007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 24