De hear Gerbrandij (CDA): Der binne him ekskuzes oanbean nei oanlieding fan de troch him op de foarige gearkomste neamde muoite mei it tekenje kinnen fan it kondoleânseregister nei oanlieding fan de berjochten oer it swimbad. Mefrou Meinderts (CDA): Sy is bliid dat it no safier is mei de brede skoalle. It CDA wol de 150.000 euro dochs reserveare foar it swimbad. De kommunikaasje nei de ried en de partisipan- ten wie tige goed en dat jout betrouwen dat men de winsken kwyt kin. It CDA kin mei it foarstel ynstimme. De hear De Visser (PvdA): Dan kin men mei it jild foar it swimbad de kommende twa jier neat dwaan. Mefrou Meinderts (CDA): Der binne noch plannen en dêrfoar moat men it jild op de planke hâlde. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje is wiis mei de wurden fan de ried. De brede skoailen kinne mei yngong fan jannewaris 2010 iepene wurde. It is yn de eagen fan it kolleezje in folsleine bre de skoalle. Men sil omtinken hawwe foar de geburgenheid foar de bern. As de gemeenteried in beslút nommen hat dan kin men hurd ûnderhannelje mei de partisipanten. It kolleezje wol foarearst it earmerke jild foar it swimbad dêrfoar hâlde. De hear Van der Meer (GB): Men krijgt drie varianten op een brede school. Wethâlder Van der Meulen: As men sjocht nei de ynhâld dan is de 'afgeslankte' fariant net earlik in brede skoalle mear. As men meigean soe mei it idee fan GB dan soe de bou langer duorje. Dy fariant is ek djoerder. It kolleezje kiest dus net foar de 'afgeslankte' vorm. De hear Van der Meer (GB): Over de financiële berekening zou hij het nog wel eens een keer wil len hebben. Het beroep op de tijd voelt hij aan als een vorm van chantage. Er zijn mogelijkheden voor sporthal-zwembad in zijn visie. De sporthal en het zwembad blijven voorlopig nog bestaan. Dat scheelt financieel behoorlijk veel geld. Daarom kiest GB in eerste instantie voor een afgeslankte vorm, want dan heeft men nog tijd om bepaalde zaken te onderzoeken. Wethâlder Van der Meulen: Hy hat problemen mei it wurd sjantaazje. De oanfang fan de bou soe mei de opsje fan GB minstens in jier langer duorje. It kolleezje hat alle lof foar de ynspannings fan de BZC, mar men is spitigernôch net ta deselde konklúzje kommen. De hear Bouma (VVD): Hy twifelt oan de oprjochtheid fan dy wurden. Men soe de plannen neist elkoar lizze. Wêrom kin it net helder útlein wurde? Wethâlder Van der Meulen: Men is in oanbestegingstrajekt yngien. It seach der kwa finânsjes net goed út en doe hat men ek noch op in oare wize nei mooglikheden sjoen. Eksploitanten sjogge it lykwols net sitten om foar 150.000 euro in rekreatyf bad te bouwen. Sa komt it kolleezje ta de konklúzje dat in rekreatyf bad absolút net kin. In doelgroepenbad soe kommersjeel opset wurde kinne, mar dêrfoar hat men de gemeente net nedich. Oars soe der fan net-tastiene steatsstipe sprake wêze kinne. It kolleezje wol de ferantwurdlikheid net drage dat men miskien yn in kom mende perioade foar in fallyt swimbad opdraaie moat. De hear Seldenrust (FNP): De wethâlder is tige oertsjûge fan syn eigen gelyk. Hy referearret oan de wurden fan de wethâlder dy't sein hat dat er twifele oan de deskundicheid fan de minsken fan Pagina 3 1 03 Ferslach 26 09 2007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 25