Wethâlder Van der Meulen: Ja. De tariedingskosten sil men weromkrije by dielname fan Corpora tieholding Friesland. De kante meterpriis wurdt yndied heger by in lytsere omfang. Datselde kin men ek sjen yn it projektplan by de boupriis de kante meter. De hear Seldenrust (FNP): De foarige wike hat er dêrnei frege. Hy moast de kante meters diele op de kapitaallêsten, mar dat makket neat út. De grutste opset hat de goedkeapste priis de kante meter. Wethâlder Van der Meulen: Hy hat besocht dat út te lizzen. De hear Brandon hat wierskynlik de fraach net goed begrepen. It kolleezje docht syn uterste bést om de kommunikaasje op in goed peil te hélden. De hear Seldenrust (FNP): Is der jild reservearre yn de begruttingen? Men hat it frege oersjoch oer de kante meterpriis noch net krige. Wethélder Van der Meulen: Dat léste stiet yn it projektplan en dat sil er takomme litte. Foar de funksjes dy't der yn komme, steane al dekkingsposten yn de begrutting. Yn it ferline hat men jil- den reservearre en dy wurde no brûkt. Wethélder De Vries: Hy fynt it nuver dat de kreativiteit fan it kolleezje útlein wurdt as in ferbur- gen aginda. Der komt in twadde faze fan it Fryske Marreprojekt en dér komme minwaarfoarsjen- nings yn foar. Men hat as gemeente oanjûn dat men Grou dér wol in geskikte lokaasje foar fûn. Sa'n minwaarfoarsjenning sil géns mear omfetsje as allinne in swimbad. De ried soe it winsklik fine kinne om dy mooglikheden te ûndersykjen. De foarsitter: De insprekers van de vorige avond op dit onderwerp krijgen de gelegenheid om een reactie te geven. De hear Frijling (Brede Zwembadcommissie): Sjoch bylage. Twadde termyn De hear De Visser (PvdA): As men it earmerke jild net in oare bestimming jaan wol dan hat it fytspaad gjin kéns. De hear Seldenrust (FNP): Fraksjegenoat Riemersma komt aanst by it Fryske Marreprojekt werom op de mooglikheden fan it fytspaad. Men kin it foarstel fan de PvdA net akseptearje. De hear Van der Meer (GB): Is het een brede school als er iets ontbreekt, zoals een sporthal? GB heeft geen probleem met de opstelling van de wethouder aangaande de financiële hardheid. Hij wijst erop dat een leaseconstructie aan het eind duurder uitkomt. Het blijkt dat er subsidies mo gelijk zijn na het besluit van de raad. Waarom zijn de eventueel grote subsidiebedragen niet als pm-posten meegenomen? Hoe komt de situatie eruit te zien als er te weinig handtekeningen ko men? De hear Bouma (VVD): Men is op himsels bliid dat men safier kommen is. Hy is ek bliid dat de partijen, útsein de PvdA, fêsthélde wolle oan it jild foar it swimbad. Hy wie net op 'e hichte fan de regels fan de Europeeske oanbesteging. De hear Seldenrust (FNP): Hy fynt it net de goede wei om jild fan de iene pot mar wer foar wat oars te brûken. Dan krijt men yn de takomst in gat. Hoe kin yn de 'afgeslankte' fariant it swim bad iepen bliuwe? Pagina 5 1 03 Ferslach 26 09 2007/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 27