De hear Van der Woude (PvdA): Kin de hear Seldenrust foarrekkenje dat de PvdA de gemeente foar de takomst mei in grutter finansjeel gat opskepet? De hear Seldenrust (FNP): De PvdA wol de 150.000 euro út it swimbad helje om it foar it fytspaad te brûken. Dat is gjin goede wize fan saken fan dwaan en stridich mei eardere ôfspra- ken. De berekkening kin de PvdA seis wol meitsje. De hear De Visser (PvdA): It is hielendal net de ynstek fan de PvdA om it swimbad ferfalle te lit- ten. De wethâlder hat op in oare mooglikheid wiisd en dat soe men ûndersykje moatte. De hear Bouma (VVD): Men sil dan ek in eigen bydrage hawwe moatte en dêrom moat men dy 1 50.000 euro net fuortsmite. De hear Seldenrust (FNP): It is him te folie 'miskien'. De hear De Visser (PvdA): Men wit fansels net krekt hoe't de provinsje op de oanfraach fan de subsydzje reagearret. Sekerheden kin nimmen jaan. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA wol it fytspaad net blokkearje, mar it jild moat wol foar it swimbad ornearre wurde. De hear De Visser (PvdA): Dan bliuwt it jild mar op 'e planke lizzen. Mefrou Meinderts (CDA): Men moat de hûd net ferkeapje foardat de bear sketten is. De hear Zijlstra (CDA): Men is samar 2010 en dan kin men fierder prate oer it swimbad. Hy hat de foarige deis ek in hiele oare wize fan besparring oanjün. De hear De Visser (PvdA): De PvdA lûkt de stekker net út it swimbad. Der binne miskien moog- likheden fia de provinsje. De hear Zijlstra (CDA): De stekker giet der net út, moatte. Wethâlder Van der Meulen: De brede skoalle is dwaande om flinke subsydzjes binnen te heljen. mar de stop wol. Der sil in startkapitaal wêze mear as stiennen. Men is tige drok dermei De hear Van der Meer (GB): Het was mooi geweest als deze als pm-post aangegeven waren. Wethâlder Van der Meulen: It sjocht der goed út mei de subsydzjes. As men gjin genôch hante- kenings krijt dan komt er werom nei de ried. De hear Van der Meer (GB): Er zijn meer dragers nodig dan alleen de scholen. Komt de wethouder terug als een aantal participanten afhaakt? Wethâlder Van der Meulen: Ja. Der hat nimmen west dy't foar in leger bedrach as neamd is de ferantwurdlikheid foar it swimbad nimme wol. As men de brede skoalle realiseart dan sil it swim bad fuort moatte. De hear Van der Meer (GB): Bij de afgeslankte variant blijft het zwembad bestaan. Wethâlder Van der Meulen: Dan hat men ek te krijen mei de lûdsbelesting. Pagina 6 1 03 Ferslach 26 09 2007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 28