De hear Van der Meer (GB): Bij de afgeslankte variant wordt er niet gebouwd. En tot die tijd heeft men nog een zwembad en kan men andere mogelijkheden onderzoeken. De hear De Visser (PvdA): Men kin it de bern net oandwaan om noch langer op in goed skoalle- gebou te wachtsjen. Wethâlder Van der Meulen: Oer twa jier moatte de doarren iepen. Men begjint al folie earder mei de tarieding. De hear Van der Meer (GB): Bij de afgeslankte variant moeten er opnieuw berekeningen gemaakt worden en bouwt men nog niet. Wethâlder Van der Meulen: Dan soe de lokaasje fan no miskien net geskikt mear wêze en dan is men werom by nul. De hear Van der Meer (GB): In eerste instantie kijkt GB naar de afgeslankte variant. Er worden dan nieuwe berekeningen gemaakt. In die tijd kan het zwembad blijven bestaan. Wethâlder Van der Meulen: It soe dan oan de ried wêze om it swimbad langer iepen te hâlden. De foarsitter: As B-stik nei de ried. Zij stelt voor om een korte pauze te houden. De raad gaat hiermee akkoord. 3.5 Foarstel oer it bystjoeren fan it Friese Merenproject Traject H Boarnsterhim De hear Riemersma (FNP): Men is wiis mei it projekt omdat it fan belang is foar de gemeente en de provinsje. It kolleezje wol der no in miljoen minder oan besteegje troch saken op te skowen. Foar 2007 moat men 1,2 miljoen hawwe en dat is der al. Foar 2008 moat der 0,8 miljoen kom- me. De dekking moat komme út de ferkeap fan camping Tusken de Marren, havenjilden en de camping Molehiem ensafuorthinne. As dat allegearre slagget dan komt der sa'n 2,5 miljoen beskikber en dan bliuwt der noch 1,7 miljoen oer. It soenen neffens it kolleezje reële bedraggen wêze. Seis soe men de projekten foar 2009 noch betelje kinne. Dan bliuwt der 0,9 miljoen oer en dy kin men dan moai brûke foar it fytspaad. Der binne in tal projekten opskood. Der sit dus romte yn it foarstel om ek oare saken lykas it fytspaad oan te pakken. De hear Vellinga (PvdA): De PvdA kin him fine yn it foarstel. It skrassen yn plannen docht altyd sear. 'Waar niets is verliest de keizer zijn recht'. De hear Riemersma (FNP): Hy hat it net oer skrassen hân mar oer opskowen. De hear Vellinga (PvdA): As men opskoot dan hat men it jild der letter wol foar nedich. It jild moat earst fertsjinne wurde en hy winsket it kolleezje in protte sterkte ta by dy taak. In oanpas- sing fan de leezjes: is der goed oer neitocht sadat it gjin presedintwurking hat nei oare projekten fan partikulieren? Krijt men it punt fan de brêgejilden yntegraal op it buordsje? Dat soe er it leafst wolle. Men moat in startkapitaal hawwe foar bepaalde ynvestearings. Foar it fytspaad hat men in start kapitaal fan de provinsje en as men neat docht dan kin men dat jild kwytreitsje. Mei de 150.000 euro foar it swimbad docht men earst struktureel neat. As út it Fryske Marreprojekt 2 miljoen foar it fytspaad te krijen is, dan soe it kolleezje mei dy 150.000 euro jierliks it fytspaad oanpakke kinne. De hear Zijlstra (CDA): It is te folie 'mooglik'. It hinget te folie yn de loft. Pagina 7 1 03 Ferslach 26 09 2007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 29