De hear Vellinga (PvdA): De twa miljoen kin wolris yn de loft hingjen bliuwe as der neat mei dien wurdt. De hear Van der Meer (GB): Men zit in een situatie met een goede kant, maar het heeft ook een andere kant, zoals de lastenverhoging voor de burgers. Welke onderdelen van het Friese Meren- project zijn van meerwaarde voor de inwoners van Boarnsterhim? Daar zal GB op dat punt kri tisch per onderdeel naar kijken. De hear Gerbrandij (CDA): Men kin eins net oars as foarsteld wurdt. It motto 'earst fertsjinje en dan pas útjaan' sprekt it CDA tige oan. Wethâlder De Vries: Alle fraksjes jouwe oan dat it Fryske Marreprojekt tige wichtich is foar Boarnsterhim. De ambysjes giene fierder as de beskikbere middelen. Der is in bestjoerlike deal mei de provinsje kommen. It jild foar it fytspaad is beskikber oant 2010. It kolleezje wol der earst noch in streek troch sette want it jild moat earst fertsjinne wurde. Dat sil neffens him seker barre kinne. By de trochkyk oar jier wol er de saak opnij besjen. It soe moai wêze dat men de ambysjes oerein hâlde kin. De ynsprekkers fan Jirnsum hawwe dúdlik west. De farianten binne yn Jirnsum bepraat. Hy sjocht mooglikheden om ta in útwurking te kommen. Ek yn oare plakken is men drok dwaande mei de útwurking fan de projekten fan it Fryske Marreprojekt. Men wol de rekreanten minder hin- derje mei û.o. it opheljen fan brêgejilden. Jierliks binne de ynkomsten sa'n 60.000 euro en dy wol men earst noch net kwyt. It kolleezje wol it keppelje oan oanbelangjende Ontwikkelingen yn Fryslân. De hear Riemersma (FNP): Foar it krijen fan de subsydzje moat men soms brêgejilden ôfskaffe. Wethâlder De Vries: Dat jildt yndied yn guon gefallen. Men hat te meitsjen mei in gearwurking tusken ferskillende oerheden. Soms hat men te meitsjen mei gigantyske ynvestearrings lykas by de spoarbrêge yn Akkrum. Dêr moat in tige grut bedrach oan leezjes betelle wurde. De dekking sil by de foarstellen dellein wurde. De ried moat ek benammen nei de krêft fan it gehiel sjen. De hear Van der Meer (GB): Als de clustering een meerwaarde heeft dan wordt die ook als zoda nig beoordeeld. Wethâlder De Vries: Men moat by de beoardieling fan ûnderdielen sjen wat it effekt is op oare ûnderdielen. De hear Van der Woude (PvdA): Moat it fytspaad yn 2009 klear wêze? Wethâlder De Vries: Yn 2009 moat men los wêze. De hear Van der Woude (PvdA): Dan moat men yn 2008 in beslút nimme oer de dekking dêrfan? Wethâlder Van der Meulen: As men yn 2009 los wol dan moat men earst in tal tariedings dwaan en dêr kin men net te lang mei wachtsje. De foarsitter: Zij geeft de gelegenheid aan de insprekers op dit punt een reactie te geven. Mefrou Woltman (bewenners Sylsbrêge): Het zal een hele toer worden om alle miljoenen binnen te krijgen. In 2010 zijn de scholen in Jirnsum aan de beurt. Zij heeft de bypass in de discussie gemist. Het knelpunt op het water is namelijk ook heel belangrijk. Met de 600.000 kan alleen de brug worden gebouwd en een klein stukje rondweg. Er blijven dan grote problemen op het water. Pagina 8 1 03 Ferslach 26 09 2007/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 30