De hear Seldenrust (FNP): Men wol it net op de wize sa't de PvdA it foarstelt. De diskusje oer it fytspaad moat neffens him op in oar plak plakfine. De hear Van der Woude (PvdA): De fraksjegenoat fan de hear Seldenrust hat sein dat it jild dat fan it Fryske Marreprojekt oerbliuwt oan it fytspaad bestege wurde kin. De hear Riemersma (FNP): Men hie better earst yn de fraksje mei inoar oer de saak prate moat- ten. Hy fynt de suggestje fan de hear Van der Woude op himsels sympatyk. Wethâlder De Vries: It is de ynstek yn de ûnderhannelings mei de provinsje om wat romte te ferskaffen. De ambysje bliuwt der om yn 2009 en 2010 de projekten ta in goed ein te bringen. Yn de kommende riedsgearkomste komt men mei in dekkingsfoarstel en dat soe neffens him op 9 oktober wêze kinne. Wethâlder Van der Meulen: De ried is har derfan bewust dat men it jild earst fertsjinje moat. Op dit momint sit men mei in negatyf eigen fermogen. It kolleezje sil sjen nei de ferkearssituaasje by de Sylsbrêge en sil derop weromkomme. De hear Zijlstra (CDA): Freget om in hurde datum. Wethâlder Van der Meulen: Hy kin net in datum tasizze want de minsken dy't oer ferkear gean, binne aardich besteld. As men yn 2009 los wol mei it fytspaad dan kin men net te lang mear mei de tarieding wachtsje. De foarsitter: As B-stik nei de ried. Zij stelt voor om in verband met aanwezigheid van mensen op de publieke tribune eerst 4.5 te behandelen. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.2 Dit punt is trochskood nei de folgjende riedsgearkomste. 4.2 Foarstel om de ynkomsten en útjeften iepenbier ûnderwiis fêst te stellen o/m 4.6 (Wet Primair Onderwijs artikel 144) Dit punt is trochskood nei de folgjende riedsgearkomste. 4.3 Foarstel om it kontroleprotokol foar de akkountantskontrole op de jierrekken 2007 fêst te stellen Dit punt is trochskood nei de folgjende riedsgearkomste. 4.4 Foarstel oangeande kontraktferlingingen foar ynhier fan eksterne meiwurkers Dit punt is trochskood nei de folgjende riedsgearkomste. 4.5 Foarstel oer it oanlizzen fan riolearing yn de Alde Feanen De hear Bouma (VVD): Men hat noch fierdere ynformaasje krige, mar de VVD bliuwt by it eardere stânpunt en bliuwt dus tsjin. De hear Riemersma (FNP): It kostet in protte jild en hy is der net fan oertsjûge oft it wol helpe sil. It is lykwols in ferplichting. Oangeande de noarmen leit de saak der ek nuver hinne. Yn ferhâlding ta oare suveringen betellet de gemeente net mear en it skeelde ek net safolle mei de IBA's en op Pagina 10 1 03 Ferslach 26 09 2007/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 32