Wethâlder Minkes: Sy referearret oan in brief fan de Fryske Miljeufederaasje oer "De nacht fan de nacht". Der is in inisjatyf om in kuier op 27 oktober by de donkere wâlskanten fan de Snitsermar lans te meitsjen De ynwenners fan Boarnsterhim wurde fia in oprop yn Op 'e Hichte útnoege en ek fia de website wurdt der omtinken oan jûn. It eardere bestimmingsplan fan de SteandeMêstrûte East hat op in foarige gearkomste oan de oarder west. Yn de kop stie by fersin West. Mar it giet dus by it beslút om it eardere trasee SteandeMêstrûte East. b. Mienskiplike Regelingen Gjin fragen of opmerkingen. 2.2 Foarstel oer de ûntflechting iepenbiere ferljochting De hear Vellinga (PvdA): Der binne no noch 29 partijen oer. Wat dogge dy oaren en binne dat grutte of lytse partijen? Men tinkt oan it ynstellen fan in stichting, mar dy foarm is net de meast kontrolearbere organisaasjefoarm. Hy soe graach ynfloed op de wize fan (duorsume) ferljochting hawwe wolle. Wethâlder Van der Meulen: Hy sil noch ynformaasje jaan oer de dielnimmende partijen. Fia de stichting giet men in puer saaklike relaasje oan en dat foldocht neffens him goed. De kontrôle sil op ekonomyske grûnen plakfine en dat jout foar him genôch garânsje. Mefrou Dekker (PvdA): It is tige lestich om kontrôle te hawwen op bygelyks it punt fan duorsum- heid. Wethâlder Van der Meulen: It giet puer om it oanbestegingsferhaal. De hear Vellinga (PvdA): De PvdA-fraksje tinkt der dochs wat oars oer as de wethâlder. Hy soe it letter noch wolris yn besprek jaan wolle. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 o/m 3.5 De foarsitter: Er zijn 11 insprekers. Normaal trekt men maximaal zo'n half uur uit voor de in spraak. Zij vraagt de insprekers om zich te beperken tot een spreektijd van zo'n drie vier minu ten. De hear Suk (Sportstichting Raerd) sprekt yn op 3.2. Sjoch bylage. Mefrou Van der Meulen (Fytspaad Leechlân) sprekt yn op 3.2: De wurkgroep wol net ferfalle yn it werheljen fan de âlde arguminten. De hiele ried is oertsjûge fan de needsaak fan it fytspaad. It 3VO-rapport is oan de riedsleden tastjoerd. De sifers dêryn lige der net om. Men winsket de ried in protte wiisheid ta by de mieningsfoarming en de de beslútfoarming oer 14 dagen. 'Sizzen is neat, mar dwaan is in ding'. As oppepper dielt sy mei mefrou Kloosterman rûne sûkelaadsjes mei in fyts derop út. De hear Van der Meulen (SAR) sprekt yn op 3.2 en 3.3. Sjoch bylage. De hear Frijling (Brede Zwembadcommissie) sprekt ynop 3.3. Sjoch bylage. De hear Bruinsma (PB Grou) sprekt yn op3.3. Sjoch bylage. Mefrou Smink (STAJ) sprekt yn op 3.3. Sjoch bylage. Pagina 2 1 03 Ferslach 25 09 2007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 5