De hear Wedman (Akkrum Breed) sprekt yn op 3.3. Sjoch bylage. Mefrou Ruiten (PB Jirnsum) sprekt yn op 3.5. Sjoch bylage. Mefrou Woltman (bewenners Sylsbrêge en Leppedyk) sprekt yn op 3.5. Sjoch bylage. Mefrou Andela (bewenner Sylsbrêge) sprekt yn op 3.5. Sjoch bylage. De foarsitter: De insprekers kunnen voorafgaande aan de tweede termijn nog een reactie geven. 3.2 Foarstel oer "Doorkijk begroting 2008" De hear Gerbrandij (CDA): Is der noch Ijocht oan de ein fan de tunnel? Men kin it kolleezje gjin moed ûntsizze. Achteromsjen hat gjin doel want alle partijen hawwe de ôfrûne jierren wol diel útmakke fan it kolleezje. Guon saken moatte oer in langere tiid útsmard/ôfsteld wurde. It motto 'earst fertsjinje en dan pas útjaan' kin men amen op sizze. It ûndertekenjen fan in kondoleânsje- register omdat it nije swimbad ynearsten der net komt, kin de wurdearring fan it CDA net krije. De partijen sille posysje kieze moatte. De hear Zijlstra (CDA): Men moat besykje om romte te finen foar winsklike saken. It kolleezje wol de ferfangingsynvestearrings in jier opskowe. Men soe it neffens him per ynvestearring besjen moatte. Punt 16: de mid office soe de kleau tusken back office en front office oerbrêgje moatte. Men kin better earst yn 2008 útsykje wat nedich is en de software pas yn 2009 oanskaffe. Ek mei it each op in gearwurking soe men mooglikheden foar útruil hawwe moatte. Dus op dit mo- mint gjin ynvestearring foar de mid office. Oer de nije berekkening fan it yntegrale húsfestingsplan: Dat soe neffens it CDA better annuïtêr yn stee fan lineêr wêze moatte. It fytspaad fan Akkrum nei Jirnsum is poerbêst. It part fan Jirn sum nei Grou is wol min. It Nijdjip hoecht noch net baggere te wurden en sa besparret men earst 120.000 euro. Op 'en doer soe dat wol barre moatte krekt as by de opfeart nei Idaerd. It moat mooglik wêze om de tuorren fan Akkrum en Aldeboarn ûnder te bringen yn in stichting. By in stichting binne der subsydzjes mooglik. Dat smyt 126.000 euro op. De ynfolling fan it bredeskoallekonsept kostet 90.000 euro. It binne net de earste brede skoallen yn Nederlên en men hoecht dan ek net opnij it tsjil út te finen. De troch him neamde posten kinne sa'n 6 ton opsmite en dat jout dan wat romte foar it fytspaad yn it Leechlân.. Mefrou Veldstra (FNP): Der binne hiel wat berjochten de léste wiken kommen lykas oer it útstel fan it swimbad en de hegere ûnreplik saakbelesting. De boarger mei net de dupe wurde fan fla ters fan de gemeente. It ambysjenivo sil oanpast wurde moatte. Wannear sjocht men de resulta ten fan de reorganisaasje? Hat men no echt alles al op de rit? Hokker plannen kin men yn 'e mjit- te sjen fan it taskforceteam? It oerflak fan de gemeente soe oars wêze as dêr't de berekkening fan it Ryk op basearre is. Wat kin de gemeente dan noch binnen helje en oer wat foar oerflak hat men it dan? It jild dat it opbringt soe in hiel moai begjin wêze foar it swimbad en in fytspaad. De ferheging fan 20% fan de ûnreplik saakbelesting is fierstente heech en dat jildt ek foar de oa- re lesteferhegings. Der soe ek noch ynformaasje komme oer ferlykjende sifers mei oare gemeen ten. Wat wurdt bedoeld mei wij hebben jaren lang geïnvesteerd in onze gemeenschap en niet al tijd een tegenprestatie van de burger hiervoor gevraagd...'? It fytspaad Wergea-Warten ferfalt. It soe oars neffens de wethâlder yn oktober weromkomme en hie men net in oerienkomst mei de grûneigners? Foar 2010 moast it der neffens de partijen wêze. It is net akseptabel dat bepaalde posten jier oan jier oerskriden wurde. By bepaalde posten binne ôfwagings mooglik. De 'mid office saken' kinne earst wol troch back en front office oplost wur de. Der is earder ek nea oer in mid office praat. Pagina 3 1 03 Ferslach 25 09 2007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 6