De hear Van der Woude (PvdA): Hy krijt it gefoel dat foar guon partijen alle besunigings út de or- ganisaasje komme moatte en dat kin neffens him net. De hear Bouma (VVD): Hy hat sein dat it ien fan de posten is dy't swier op de begrutting drukt. Hoe follet de PvdA it dan yn? Mefrou Veldstra (FNP): Men sit al jierren yn de reorganisaasje en der binne al hiel wat kosten makke en der is neffens har sprake fan mismanagement. De hear Van der Woude (PvdA): Der moat in goede organisaasje stean om in goede tsjinstferlie- ning garandearje te kinnen. As men de organisaasje útklaait dan stiet it besteansrjocht faai. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje wol de saken dúdlik yn byld bringe. De kwaliteit fan de tsjinstferliening kin net sûnder de mid office. It kolleezje tinkt dat men op de goede wei is en dat de ein fan de tunnel yn sicht is. Der is noch wol wat te heljen fia de taskforce. Der is in nije be- rekkening fan de ferwurking fan ôffal makke. It mei yndied gjin post wêze dy't winst opsmyt. It is no reëel kostendekkend mei in ferheging fan 5%. De lesten foar de riolearring geane omheech neffens de ôfspraken yn it GRP. It rapport oer it helberheidsûndersyk fan it fytspaad Clndersyk leit klear. Foar it kolleezje past it noch net yn de begrutting. Dêr kin op winsk fan de ried noch oer praat wurde. Sa'n helberheidsûndersyk hie men dochs hawwe moatten. De hear Bouma (VVD): Dat hinget dêrfan óf oft men it al of net sitten sjocht. Hy soe graach wit te wolle hoe't de wethâlder oan sjocht tsjin de opsjes fan de PvdA oangeande it fytspaad. De hear Zijlstra (CDA): Hy is nijsgjirrich wat de VVD derfan fynt om dy 150.000 euro út it swim bad te heljen. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje wol as de ried derop stiet wol nei in alternative wize fan finansiering sjen. Hy sjocht lykwols nei it totale risikoprofyl fan de projekten. Men moat net mei list en bedroch besykje de finansiering fan it fytspaad run te krijen. De hear Van der Woude (PvdA): Wêr sit dy list en bedroch dan yn? Wethâlder Van der Meulen: Hy soe it leaver 'kreatyf' neame. Wat foar risiko's fynt de ried fe- rantwurde? Men kin net alle romte út de begrutting weiknipe, want dan krijt men problemen mei óffallers. Mefrou Dekker (PvdA): De fraach wie oan it kolleezje om te sjen nei it foarstel fan de PvdA (mei de eleminten fan de 150.000 euro, in kommersjele partner en in doelgroepenbad). De hear Seldenrust (FNP): Beslút de grutste partij dat de 150.000 euro foar it swimbad nei it fytspaad moat? Mefrou Dekker (PvdA): Elke fraksje mei it kolleezje wat fersykje en dan kin de ried der letter oer beslute. De hear Seldenrust (FNP): It jild foar it swimbad wie earmerke troch de ried. De PvdA hie it dan earst oan de ried foarlizze moatten. De hear Van der Meer (GB): Is het eens met de FNP. De raad had de opdracht van de PvdA moe ten krijgen. Pagina 6 1 03 Ferslach 25 09 2007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 9