De hear Riemersma (FNP): Oan de hân fan it foarbyld dat er earder oer it fytspaad jûn hat, is der dochs wat feroaring kaam. Men hat 27 novimber ynformaasje krigen fan de gemeente. Per mail hat men noch wer mear ynformaasje krigen. De subsydzjes wurde no wol yn mindering brocht op de kosten fan it fytspaad: 'Storting subsidies in bestemmingsreserve fietspad Grou-Warten vanaf 2009. Jaarlijkse inzet van deze bestemmingsreserve ter dekking van de lasten van rente en af schrijving van het fietspad'. As it fytspaad klear is dan komt der út de 1,2 miljoen it earste jier 72.000 euro frij. Dat fermindert alle jierren mei sa'n 1000 euro. Dat komt ten goede fan de dek king fan it fytspaad. Dan hoecht men foar it fytspaad gjin 6% ozb te brûken mar 3%. It feit bliuwt dat men yn 2008 267.500 dekking foar it fytspaad sykje moat. Dy 267.500 euro hat men net nedich yn 2008. Men lit de minsken betelje foar jild dat oan de ein fan it jier frijkomt. Men si- ket in dekking foar in saak dy't men noch net yn 2008 en miskien ek noch net yn 2009 nedich hat. Hy hat begrepen dat de ried dat claime kin. Dan kin men dy dekking wer brûke en dan hoecht men net dy 6% fan de ozb dêrfoar te brûken. De FNP is it net iens mei de foarstelde dek king en dêrta sil de FNP wierskynlik mei in amendemint komme. De hear Bouma (VVD): Men hat by de taljochting sifers krigen. It jout in protte betizing. De VVD wol it taspitse op it fytspaad. De wurkgroep hat 4 punten oandroegen. De toeristebelesting ûnt- brekt noch. Men moat hyltyd útgean fan de bruto ynvestearing. De subsydzje soe men neffens de VVD der ôflûke kinne. Men kin it dan dekke mei 1 of 2% ekstra ozb. De 20% ferheging is fierstente gek. De resultaten fan de sykaksje nei jild hawwe oan no ta 5 ton opsmiten. Men moat net op foarhân fan 20% ferheging fan de ozb útgean. Krekt as by de brêge yn Wergea moat men earst seis nei gaadlike oplossings sjen. Men hie fan it kolleezje in konkreet foarstel ferwachte. De VVD wol graach it fytspaad dit jier noch ôftikje mei in slutende dekking sûnder in te hege leste- ferheging. De hear Hemminga (GB): Men hat in taljochting krigen. Dy opset jout mear dúdlikheid. De ferhe ging fan de ozb is al troch de oare partijen oankaart. Mar der binne mear lésten dy't ferhege wur de. Men moat keuzes meitsje. Hoe is de gemeente yn de finansjele problemen kommen? Men is sûnt 2004 al sa'n 7 miljoen oan ekstra personielskosten kwyt. It fytspaad, de algemiene reserve en it swimbad binne as prioriteiten oanjûn. De algemiene reserve en it swimbad wurde troch it kolleezje net neamd. Hoe tinkt it kolleezje de algemiene reserve op in akseptabel peil te krijen? Neffens de berekkening fan de hear Galema/GB komt men op 4,9 miljoen negatyf út. Hoe wol it kolleezje dat bedrach nei Onderen bringe? Der is ynsidinteel 2,2 miljoen negatyf. Wat fynt it kolleezje dêrfan? Der is ek noch in begruttings- romte konstatearre fan 900.000 euro. Wêr kin men dat foar brûke? GB sil mei moasjes en amen- deminten oanjaan wat de foarkar fan GB hat. Dan moat men wol witte hoe't it kolleezje de sifers fan GB beoardielt. De provinsje hat in subsydzje fan 1,2 miljoen foar it fytspaad tasein. Hoe sit dy subsydzje krekt yn elkoar? Is it in echte subsydzje of in útstelde ynvestearing? De hear De Visser (PvdA): Men hat yn de wurkgroep sein dat de toeristebelesting yngean soe per 1 jannewaris 2009. It is foar de PvdA gjin halssaak as it jild foar it fytspaad yn de bestimmings- reserve giet. De measte saken kin de PvdA mei ynstimme. De ferheging fan de riedsstikken mei 300% is net akseptabel salang't it noch net digitaal beskikber is. De ferheging fan de ozb mei 20% is tige heech. De finansjele situaasje twingt de gemeente ta in ferheging. In pear jier lyn is it brûkersdiel ôfskaft en men sit noch net op it peil fan in pear jier lyn. Men wol graach in fytspaad en foars- jennings foar de sport en dan hat men dy ferheging mei 20% wol nedich. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje hat skerp ynsichtlik makke hoe't de saken der foar steane. De ried hat it fytspaad as heechste prioriteit oanjûn. It kolleezje hat by punt 3 de dekking yn byld bocht. Oare saken moatte lykwols ek trochgean. Pagina 8 1 03 ferslach riedsgearkomste 04122007/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 10