De hear Riemersma (FNP): Dat sil fêst sa wêze, mar dat betsjut net dat men ûnnedich in soad foar it fytspaad betellet. Wethâlder Van der Meulen: De haadsaken hat it kolleezje oanjûn. As de ried alle saken trochgean litte wol sûnder ferhegingen dan hat de ried gjin reëel byld. Der komme noch opbringsten út de taskforce. By bepaalde projekten rint men risiko's. 20% fan 177 euro is 35,40 euro en dat is it gemiddelde yn de gemeente. Men hat boppedat in rom frijskattingsbelied. It kolleezje hat sjoen nei de kostendekkendheid fan de tariven. As it net ferhege is dan wie it al kostendekkend of hie men mei oare bepalings te meitsjen. It punt fan de gokautomaten sil er noch útsykje. De wet oangeande kampearterreinen is ferfallen en dêrmei de leezjes dus ek. It kolleezje hat foar in foarsichtige oanpak keazen. It BBV skriuwt ek in tal saken foar. As men start mei in ynvestearing dan moat men de dekking rûn hawwe. As men de subsydzjes binnen hat dan kin de ried ôfwage wat men mei de subsydzjes dwaan wol. De hear Van der Meer (GB): Als men zeker van de subsidie is, kan men deze voorfinancieren. Wethâlder Van der Meulen: Men hat noch gjin formele beskikking oer de subsydzje en hy stiet ek net op de rekken. De hear Van der Meer (GB): Is de subsidie dan niet hard? Wethâlder Van der Meulen: In man in man, in wurd in wurd. As de ried de maksimale ferheging foar it fytspaad brûke wol dan geane alle saken dy't op side 2 neamd wurde net troch. It kolleezje hat noch gjin kâns sjoen om romte foar it swimbad te finen. De hear Hemminga (GB): Men hat dit jier de 150.000 euro foar it swimbad opbrûkt. Wat bart der dit jier mei? Men fynt it nearne werom. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje hat it foarstel dien om takom jier te kommen mei in nij foarstel oer it swimbad en foar 2008 is oanjdn wat men mei dat jild dwaan wol. Sunich oan, earst fertsjinje en dan útjaan. Men krijt noch net sa maklik jild op it kleed. It kolleezje is wiis mei it jild dat wol fûn is en der is ek wol hope dat der yn 2008 mear út fuort komt. Dan kin it lykwols noch net fuortdaliks ynboekt wurde. De riedsstikken binne digitaal beskikber. As de ried wol dat de riedsstikken op papier beskikber bliuwe dan heart er dat wol. De hear Van der Meulen (SAR): Hy is bliid mei de wurden fan de PvdA. Hy hopet dat de oare par tijen it dêrmei iens binne. As dat sa is, nim dan it inisjatyf om mei de SAR yn petear te gean. De hear Van der Woude (PvdA): Soe de gearkomste koart ûnderbrekke wolle, want men hat it nije stik fan 4 siden noch net goed bestudearje kinnen. Mefrou Veldstra (FNP): Soe it dan op tongersdei besprekke wolle. Dan kin punt 3.4 no earst be- sprutsen wurde. De foarsitter: Stelt vast dat de raad met het laatste instemt. 3.4 Foarstel om de beweechbere brêge yn Wergea te ferfangen en dêrfoar in kredyt beskikber te stellen fan 350.000,00 De hear Van der Sluis (VVD): De tekening fan de fêste brêge jout oan dat der net in taksy of am- bulânse nei de Lytsebuorren ride kin. It plan kin foar de VVD fuort fan tafel. Der is ek in brief fan Wetterskip Fryslân kommen. De saken dêryn moatte folie better neist inoar lein wurde. De Fou- dering moat iepen bliuwe en dêrom moat ien brêge yn de Wergeasterfeart beweechber bliuwe. It Pagina 9 1 03 ferslach riedsgearkomste 04122007/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 11