beskerme doarpsgesicht sil ek te lijen hawwe troch it foarstel fan it kolleezje. It kolleezje sil it stik weromnimme moatte en moat letter mei in nij foarstel komme. De hear Riemersma (FNP): Lést út in konvenant fan 1997 foar 'De bestaande vaarverbinding door Wergea wordt gehandhaafd en verbeterd'. Letter skriuwt wethâlder Jonker dat de brêgen be- weechber bliuwe moatte. En yn de begrutting fan 2008 stiet by de spearpunten 'it yn stén hél den fan fysike foarsjennings diken, farwetters en brêgen'. Der is dus mar ien konklúzje: Wergea hat rjocht op in beweechbere brêge. Kenlik jilde tasizzingen út it ferline net. Hy giet werom nei in moasje dy't troch de PvdA ynstjinne is. Men kiest dêryn foar in foarlopich beweechbere brêge. PB is dêrmei ek akkoart gien. Hy komt ek op de offerte. De ekstra saken dy't it wetterskip neamt, steane al yn de offerte. Hat men der wol goed nei sjoen? De planken yn de brêge lizze foar it grutste part goed fêst. In fêste brêge is in Onding. De Lytsebuorren is net berikber. Minsken mei in rollator kinne der kwalik lêns en it stiet ek fierstente ticht by it kafee. In markante brêge wurdt der weihelle en dat fynt er foar in beskerme doarpsgesicht Onbegryplik. De tosktsjillen soenen fersliten wêze. De gemeente hat it lykwols dochs in jier lang tolerearre en no moat ynienen alles yn de es. De kosten fan in brêgewipper. Yn 2008 is dy nije brêge noch net klear. As de nije brêge klear is dan kin miskien sa'n brêge pas om 10 oere iepen en om 6 oere slute. Dan hat men al in aardige besparring. Men kin it letter miskien ek út in sintraal punt betsjinje. Men docht alle war om sloe- perûtes te meitsjen en dan moat de brêge iepen bliuwe. Nim de suggestje fan in twaddehênsbrê- ge mei. De hear Riemersma jout oan dat de FNP kiest foar alternatyf C. De hear Hemminga (GB): As de gemeente plannen hat dan moat men kontakt hawwe mei alle be- lutsenen. Men moat sjen wat de konsekwinsjes foar de omjouwing binne. De betsjinning hat ek in gearhing mei de omjouwing. Der binne wat te maklik konklúzjes oer de farbewegings nommen. Der hat gjin oerlis mei de brênwar en de ambulênsetsjinst west. Nim dêrom it foarstel werom. It foarstel fan PB sprekt GB oan. Kom oer 5 jier dan mei in nij foarstel. De hear De Visser (PvdA): In tal saken dy't it wetterskip neamt, steane wol yn de offerte. Der wie him ek wat opfalllen yn it stik. Men kin fansels net de offerte fan Wergea en dy fan de ge meente (Wetterskip Fryslên) by inoar optelle. It is wat skreaun om net foar alternatyf c te kiezen. As de nije farrûte klear is, hoecht de brêge net de hiele tiid betsjinne te wurden. Mefrou Meinderts (CDA): De ynsprekkers hawwe de arguminten goed ferwurde. De brêge hat ek in relaasje mei de oare brêgen yn en om Wergea. De leankosten hawwe der altyd west en dy binne ek noch net alhiel fuort besunige. It ferskil yn de offerte fan PB wie in hiel oar bedrach as wat der yn it foarstel stiet. Wêr komt dat grutte ferskil wei? Is de offerte wol goed besjoen? It jout de yndruk dat de kommunikaasje net alhiel goed ferrûn is. Alle partijen moatte de mooglik- heden nochris op in rychje sette. Yn in wetterrike gemeente soenen de brêgen iepen bliuwe moatte. Besykje de brêge de kommende 5 jier iepen te hélden en nim dêrnei pas in definityf be- slút. It punt is foar it CDA noch net beslútryp. Wethélder Van der Meulen: De emoasjes oangeande de brêge yn Wergea binne begryplik. It kol leezje hat trije farianten foarlizze wollen. De ried kin oanjaan wat foar opsje útwurke wurde moat. As men rom yn it jild sitten hie dan hie it kolleezje ek foar in beweechbere brêge keazen. De hear Seldenrust (FNP): Yn it foarstel stiet dúdlik de kar fan it kolleezje. 'Het college geeft om budgettaire redenen de voorkeur aan het alternatief vaste boogbrug'. It Onderwerp is ferfanging fan de brêge yn Wergea. De hear Van der Woude (PvdA): It kolleezje hat trije farianten foarlein en dêrom begrypt er de opmerking fan de FNP net. De ried hat de kar. Pagina 10 1 03 ferslach riedsgearkomste 041 22007/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 12