Wethâlder Van der Meulen: By punt 4 stiet dat de ried in kar makket út de alternativen. Dat sil it kolleezje dan útwurkje moatte. It kolleezje jout wol in foarkar oan, mar it beslút leit by de ried. De ried hat neffens him ek al in rjochting oanjûn: fariant c. Men hat dêroer in diskusje hân mei PB. Als it mooglik is om de brêge noch in tal jierren beweechber te hâlden dan soe men dat dwaan moatte. PB is mei in plan kommen en dêr hawwe de adviseurs nei sjoen. Dy kamen ta in oare konklúzje oer de kosten. Der is doe yn de kommunikaasje wat ferkeard rûn. Dat hat al yn in ear- dere gearkomste oan de oarder west. Der is noch hyltyd in ferskil tusken del 7.000 euro fan PB Wergea en de 90.000 euro dêr't Wetterskip Fryslân fanút giet. De offertes matche inoar noch net. It kolleezje wol tasizze om te sjen oft de brêge noch 5 jier beweechber wêze kin. Mefrou Dekker (PvdA): Nimt it kolleezje dus it stik werom? En komt men ynkoarten mei in nij foarstel? De hear Seldenrust (FNP): Dat soe ek de foarkar hawwe fan de FNP om dúdlikheid te krijen. Dan witte de bewenners fan Wergea wêr't sy oan ta binne. De foarsitter: De wethouder heeft al aangegeven om uit te gaan van alternatief c en dat hij met een uitwerking daarvan naar de raad terugkomt. Wethâlder Van der Meulen: It sinjaal fan de ried is helder. It stik kin foar him fan de aginda en men komt sa gau mooglik mei in nij stik werom nei de ried. De hear Hemminga (GB): Yn syn ynterpretaasje is der dan sprake fan in nij foarstel. De hear De Visser (PvdA): Kin it foar it nije farseizoen realiseard wurde? Wethâlder Van der Meulen: Hy wol syn uterste bést dwaan, mar in goede kommunikaasje ferget ek tiid. Mefrou Dekker (PvdA): Der is tasein troch it kolleezje dat it wannear't it ûnder de 50.000 euro kin dat it dan ek kin. Wethâlder Van der Meulen: Dat hat er yndied tasein. De foarsitter: Het stuk wordt teruggenomen. Er komt een nieuw stuk, uitgaande van alternatief c. Dat komt als nieuw voorstel zo spoedig mogelijk naar de raad. Zij schorst de vergadering tot donderdag 6 december 20.00 uur en sluit dit deel van de vergade ring om 23.00 uur. De folgjende foarstellen sille op 6 desimber behannele wurde. 3.5 Foarstel om de "Visie op ontwikkeling Grou" en de "Startnotitie Plan van Aanpak Ont wikkeling Grou noord" fêst te stellen 3.6 Foarstel om de "Verordening rechtspositie wethouders, raads en commissieleden 2006 (2e gewijzigde versie)" fêst te stellen 3.7 Foarstel om mei te wurkjen oan it frijstellingsfersyk artikel 19 lid 1 WRO foar it pleat- sen fan in lânboubrêge oer de Sneker Oudvaart 3.8 Foarstel om mei te wurkjen oan it frijstellingsfersyk artikel 19 lid 1 WRO foar it pleat- sen fan in skiphûs op it perseel Wjitteringswei 1b te Jirnsum 3.9 Foarstel om mei te wurkjen oan it frijstellingsfersyk artikel 19 lid 1 WRO foar it fer- grutsjen fan in pân ta winkelromte op it perseel Hoofdstraat 21 te Grou Pagina 11 1 03 ferslach riedsgearkomste 041 22007/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 13