BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tongersdei 6 desimber 2007 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser en de hearen T. de Boer, B. de Jong, J.W. de Visser en H. Vellinga fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen M. van der Sluis en S. Bouma fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hear D. van der Meulen en gemeentesiktaris a.i. R. Vogelzang Fan de jongereinried: Bram de Groot Mei kundskip ôfwêzich: wethâlder de hear A.J. de Vries lepenje De foarsitter hyt elkenien wolkom op de gearkomste dy't in ferfolch is fan de gearkomste fan 4 desimber. 3.3 Foarstel om de begrutting 2008 oan te passen; ûnder oare wiziging fan de feroardening op de heffing en ynfoardering fan leezjes en ünreplik saak belêsting 2008(OZB). Twadde termyn Wethâlder Van der Meulen: Op basis fan datselde dat dizze jûn sein wurdt, wurdt it stik oanpast en sil op 18 desimber de beslútfoarming plakfine. De hear Van der Woude (PvdA): It ferhaal fan de mail is dêryn dus ferwurke? Wethâlder Van der Meulen: Ja, as dêr in mearderheid foar is. De hear Van der Woude (PvdA): De subsydzje fan 1,2 miljoen foar it fytspaad is der gelokkich no yn opnommen. Dat jildt noch net foar de 8 ton. Op side 2 Onder 4.1 kin de ferfanging fan de brêge fan Wergea mei sa'n 2 ton nei Onderen. De ynhier fan tredden oant en mei it fjirde fearnsjier fan 2008 wurdt foarriedich op 4 ton rûsd. It wol net sizze dat de PvdA it dermei iens binne. De PvdA wol it per fearnsjier besjen en it dan hyltyd opnij besjen. De 5 ton út de taskforce is ek opnommen. De punten fan it bewegingswurk en de ferfanging fan de brêge kinne no neffens him ek skrast wurde. By de óf te weagjen útjeften Onder 8 kin de gersyngroei fan it fytspaad Grou-Jirnsum foar de PvdA wol f erf alle 1 03 Ferslach riedsgearkomste 06122007/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 25