De hear Hemminga (GB): Jout earst in reaksje op de berekkeningen fan it CDA oangeande de ûn- replik saakbelesting. Der binne mear belestingen. Mei de reiniging- en rioelrjochten stiet Boarn- sterhim boppe-oan. Hy sprekt syn wurdearring foar de wethâlder út dat der noch in ferhelderjend petear komme sil oer de sifers fan de hear Galema. De hear Van der Meulen fan de SAR betanke de PvdA foar de sport. Dat wie him net alhiel dúdlik, want der moat noch al wat op it kleed komme. De 1,2 miljoen subsydzje fan de provinsje foar it fytspaad: Der wie allinne in mûnlinge tasizzing en GB wol dat leaver swart-op-wyt. GB wol ek in folchoarder yn de prioriteiten. De hear Bouma (VVD): Men miste de toeristebelesting as dekkingsmiddel foar it fytspaad. Dat soe letter pas yngean, mar der komt dêrtroch takom jier wol mear jild frij en de ûnreplik saakbe lesting hoecht dan ek net sa folie omheech. Men moat de subsydzje gewoan suver oan it fytspaad tarekkenje. It is in drege kar oan wa of wat men sinten takenne wol. Der is 5 ton fan de taskforce ynboekt. De VVD hie leaver hân dat dat wat heger west hie. Mefrou Veldstra (FNP): De FNP is ek tsjin op de ferheging fan 20% fan de ûnreplik saakbelesting. De taskforce hat 5 ton opbrocht en men hat bepaalde budzjetten net brûkt. Graach in spesifi- kaasje dêrfan. Is al bekend wat de ferkeapwearde fan de biblioteek is? Op 18 desimber sil men fierder de keu zes meitsje moatte. Der komt ek noch in oanpast stik en dat kin dan dêrby belutsen wurde. De hear Riemersma (FNP): De FNP is bliid dat de 1,2 miljoen tarekkene wurdt oan it fytspaad. Hooplik kin dat ek foar de 8 ton. De algemiene reserve rint troch de tarekkening ek werom en it sit ek yn de bestimmingsreserve foar it fytspaad. De 6% ferheging foar it fytspaad is foar de FNP net akkoart. It jild hat men foar it kommende jier ek noch net nedich. De algemiene reserve sak- ket dan ek mei sa'n 270.000 euro. Op side 2 stiet dat men de ûnreplik saakbelesting mei 12% ferheegje wol. De 270.000 euro hat men lykwols dit jier net nedich en dêrom hoecht men dy 1 2% net te brûken. Streekje dy twa dêrom tsjin inoar wei. De hear Gerbrandij (CDA): Men kin ferskillende kranten oanhelje. It CDA hat allinne ferlikingen makke oer de ûnreplik saakbelesting. Fierder wol it CDA dizze jûn it krûd droech hâlde. Wethâlder Van der Meulen: Dan sjit it net bot op. Graach wat mear yndikaasjes fan de ried. De hear Gerbrandij (CDA): It CDA hat har de foarige kear dúdlik útsprutsen. Men giet foarlopich definityf akkoart. De hear Van der Woude (PvdA): Hy nimt oan dat de PvdA-fraksje ek net helderder hoecht te wê- De hear Riemersma (FNP): Hy fynt syn betinken oer de 1 2% oars ek dúdlik genôch. Wethâlder Van der Meulen: Oan de iene kant begrypt men hoe't it boekhâldkundich yn elkoar stekt. Men moat it op de wize ynboeke sa't it foarleit. Dat hat men by de trochkyk ôfpraat. As men in tal saken lykwols neist it fytspaad ek noch útfiere wol dan sil dat hiel lestich wurde. As men gjin ferheging fan de ûnreplik saakbelesting wol dan sil in tal saken gewoan net mooglik wê- ze. Der binne noch hiel wat tekoarten as men nei it listke sjocht. De hear Seldenrust (FNP): As men no de ûnreplik saakbelesting net ferheget dan soe de gemeen te yn jannewaris 2008 stil stean? Dy belesting betellet men dochs yn 2008? Pagina 2 1 03 Ferslach riedsgearkomste 06122007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 26