De hear Bouma (VVD): As men de ûnreplik saakbelesting ferheget dan is men der noch lang net. De hear Van der Woude (PvdA): Men kin noch wol mear gruttere doemsenario's sketse. Mar dêr wol hy net oan meidwaan. Hy kin de opmerkingen fan de FNP en de VVD net pleatse. De hear Hemminga (GB): Men moat dy 20% ferheging wol ferkeapje nei de boarger ta. Men moat witte hoe't men oan de tekoarten komt. De akseptaasje leit foar him op 10%. Men sil net alles útfiere kinne dy't op de óf te weagjen posten steane. De hear Van der Woude (PvdA): Dêr is hy it mei iens. Hy hat ek wol in tal ideeën, mar hy wit net oft der wol in draachflak foar is. De hear Bouma (VVD): Men kin dochs yn grutte halen wol sjen dat men der net sa maklik Ot- komt? Dat is de wurklikheid. Wethâlder Van der Meulen: As men de ferheging beheine wol dan is der te min jild om bepaalde saken te realisearen. It kolleezje hat bewust de post ynhier tredden opnommen. Men hat besocht in reële skatting te meitsjen. De hear Van der Woude (PvdA): Hy soe dêrfoar in strukturele post en net in post ynsidinteel On- fersjoen opnimme wolle. Wethâlder Van der Meulen: It is net wierskynlik dat de gemeente fan dizze omfang yn de takomst sûnder ynhier kin. Men sil dochs struktureel ynhiere moatte. Oft it leger as 4 ton wurde moat, fait noch te besjen. Der wurdt hurd oan wurke om de tasizzingen foar it fytspaad hurd te krijen. De provinsje is in be- troubere partner. It is in goede saak dat it kolleezje in prioritearring fan de ried meikrijt. De bibli- oteek hat in boekwearde fan 128.00 euro en dy wurdt ynbrocht yn it projekt. De frijfal fan de ynvestearingsromte kin men fine yn haadstik 8.7. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.5 Foarstel om de "Visie op ontwikkeling Grou" en de "Startnotitie Plan van Aanpak Ont wikkeling Grou noord" fêst te stellen De hear Bouma (VVD): In komplimint foar it boekwurkje. It waard ek tiid want der moat wat mei de grûn yn Grou-Noard barre. De hear Hofstra hat in tal nijsgjirrige saken oanjûn. It kolleezje sil dêr fêst in miening oer hawwe. It wetplanachtige idee liket neffens de VVD wol kânsen te bie den. Der moatte rânebetingsten opsteld wurde en men moat mei grutte partijen yn petear gean foar de Ontwikkeling. De winsk om 30% sosjale wenten te bouwen liket him net gaadlik foar de wyk. De hear Zijlstra (CDA): It CDA hat yn it ferkiezingsprogramma wat sein oer wervjende wenmiljeus dy't oanslute by de kwaliteit fan it lânskip. Dêr past it plan goed yn. Deputearre Andriesen fielt der ek foar dat nije bewenners fan bûten de provinsje har yn Fryslân nei wenjen sette. De skiphu- zen soenen no ek maskeard wurde kinne. Grou-Noard makket in goede kâns by de provinsje om dêr kontinginten foar te krijen. Der sit in protte jild Onder. Men kin it jild no goed brûke en men soe it yn de merk sette kinne en dan hat men de beskikking oer it jild en is der ek minder druk op de begrutting. Jou it sinjaal dat it te keap is. De hear Seldenrust (FNP): Hy slút him oan by de earste wurden fan de hear Bouma. De FNP is net sa entûsjast oer de ynhâld, want it slút net goed oan by de fisy dy't men foar Grou hat. Men hat yn de achterlizzende tiid ferkearde besluten nommen. Tink oan al dat blik dat dêr no op de Pagina 3 1 03 Ferslach riedsgearkomste 06122007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 27