uwdatum 1 maart 2008. It materiaal leit der klear foar. Men bout 125 wenningen. It kredo fan it kolleezje is 'niet dippen (denken in problemen) maar dimmen (denken in mogelijkheden)'. De hear Van der Meer (GB): Hij heeft Gedeputeerde Andriesen ook op een ander wijze gehoord. Is er een specifiek onderzoek geweest naar de behoefte in Grou-Noord? Kan het de woningbouw in de rest van de gemeente beïnvloeden? Hij had ook een vraag over Halbertsma gesteld. Wethâlder Minkes: Men ferkeapet it neffens de foarskriften. Men hat it ôfboekt omdat men troch de rinte in protte jild kwyt wie. De hear Van der Meer (GB): De realiteit is dat men het voor een bedrag koopt. Het verschil tus sen de aankoop en de verkoop gaat als winst naar de algemene reserve. Wethâlder Minkes: Dat is niet in overheidsland het geval. Het is een reëel komptabiliteitsverhaal. De hear Van der Meer (GB): Is men er echt geld mee kwijtgeraakt? Wethâlder Van der Meulen: Ja, dat hat men mei de jierrekken sjen kinnen. Men hat it werom boekt nei reële, akseptabele wearden en dat hat yndied jild koste. Wethâlder Minkes: Der sitte twa kanten oan it ferhaal fan de deputearre. Net te folie bouwe, mar wol in oantreklike wenprovinsje wêze. Der sil yn Boarnsterhim in ferlet oan wenningen bliuwe. De posysje fan Grou as sintrumplak en de konsekwinsjes dêrfan foar de oare doarpen sille letter oan de oarder komme. Men moat op tiid mei it ferhaal nei de provinsje gean. De hear Van der Meer (GB): Kan het plan teruggedraaid worden als men geen contingenten krijgt? Hoe zit het met de risico-analyse? Wethâlder Minkes: Men giet derfan út dat it mei in goede motivaasje kânsen hat. Der is ferlet oan wenningen oan wetter yn Nederlân. Der kinne dan ek minsken fan bûten de provinsje op ôfkom- De hear Hofstra: It fait him op dat guon riedsleden en kolleezjeleden wierheden net hearre wolle. Halbertsma is sa'n wierheid. Dy fielt him net goed behannele. In besteand bedriuw hat rjochten. De kâns dat der ferset fan Halbertsma komt is tige grut. Men hie better earst Halbertsma ferple- atse kinnen. Der sitte ek allegearre oare bedriuwen yn de buert. Men lit him ek liede trochdat men grutte winsten ferwachtet. De winst komt troch de feroaring fan de bestimming fan agra- rysk nei wenbestimming. Der binne lykwols ôfspraken makke dat de agraryske bestimming foar guon parten sa bliuwe soe. De gemeente Boarnsterhim giet hiel nuver mei ôfspraken om. Hy hat dêr ûnderfining mei. Der binne twa/trije bestimmingsplannen dêr't er ea oer ynsprutsen hat. Yn alle gefallen binne der útspraken dien en dy binne ek skriftlik fêstlein dy te meitsjen hawwe mei de status fan it bestimmingsplan. Skriftlik is tasein is dat de bestimming fan it gebiet noardlik fan it doe te graven kanaal dy fan agrarysk/bûtengebiet hâlde soe. Twadde termyn De hear Seldenrust (FNP): Soms kinne bepaalde saken tige ferhelderjend wêze, ek fan de kant fan de ynsprekker. Fanút de grûnkommisje hat er begrepen dat der ferskillende kontakten west hawwe mei Halbertsma. Hy heart no hiel oare lûden. It wurdt foar him der dan ek net makliker op om in positive yndruk fan it plan te krijen. As de hear Hofstra gelyk hawwe soe mei syn ferhaal oer de hâlding fan de gemeente oangeande makke ôfspraken dan soe it net bést wêze. As it wier is, dan soe er dêroer yn de takomst noch wol in ferdúdliking hawwe wolle. Pagina 5 1 03 Ferslach riedsgearkomste 06122007/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 29