Hy wit tal fan foarbylden dat der saken ferkeard gien binne. Men mocht der altyd wat fan fine, mar dat foei dan achterôf altyd óf sa as û.o. by de wenningen op de Burd, de plannen foar de lo kaasje fan it Griene Krúsgebou, de skiphuzen, ensafuorthinne. Is de 30% sosjale wenningbou net in obstakel foar de oare djoere wenten? Hy mist de risiko-analyze yn it stik. Is der wol sa'n grut ferlet fan dit soart wenningen foar bewenners fan bûten Boarnsterhim? De hear Van der Meer (GB): GB mist te veel onderbouwing en realiteit. Men zou ook graag inzicht willen hebben in de schriftelijke afspraken die deze avond genoemd zijn. De organisatie is al druk bezet en de gemeente zou daarom ook pas op de plaats moeten maken. Slechts goed onder bouwde en realistische plannen binnen een te overzien financieel budget passen momenteel bij Boarnsterhim. De hear Bouma (VVD): Better let as net. Bepaalde saken sille noch útsocht wurde moatte. De VVD is it mei de wethâlder iens dat it in dynamysk plan is. Men hat seis noch neat fan Halberts- ma heard. De gemeente kin him net permitteare om noch mear jild te ferliezen. Dêrom fertsjinnet it plan in kâns. De hear Zijlstra (CDA): Hy kin him hast net foarstelle dat men net in sirkeltsje om Halbertsma lut- sen hat. De hear Van der Meer (GB): Dan zou het een vaststaand gegeven zijn en daarmee zet men een toekomstige ontwikkeling daar op slot. Je kunt daarmee ook Halbertsma op slot zetten. Wethâlder Minkes: De 30% sosjale wenningbou hat ek mei súkses yn Grut Palma plakfûn. Dit is no noch mar de start. Men kin fan it ferline leare en wer nije kânsen sjen. Yn it plan fan oanpak komt de risiko-analyze. It amtlik apparaat hat it yndied drok en dêrom moatte der prioriteiten steld wurde. De ried fûn seis dat it de heechste tiid wie dat der wat oan Grou-Noard dien wurdt. It terrein hat fansels syn eigen skiednis en der sille wol tûkelteammen wêze, mar dy moat men net út de wei gean. De hear Seldenrust (FNP): It terrein fan Halbertsma is in bettere lokaasje foar wenningbou. Giet men noch yn petear mei it bedriuw? Wethâlder Minkes: Men is op paad stjoerd om wat mei Grou-Noard te dwaan. As dêr wat bart, sil men de posysje fan it bedriuw ynfoegje moatte. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.6 Foarstel om de "Verordening rechtspositie wethouders, raads- en commissieleden 2006 (2e gewijzigde versie)" fêst te stellen By dit punt nimt de hear Gerbrandij it foarsitterskip oer. De hear Hemminga (GB): Yn artikel 3 en 14 wurdt praat oer Onkosten. By de iene fait men yn klasse 7 en by de oare yn klase 4. Hoe kin soks? Mefrou Veldstra (FNP): Oer de syktekostenfersekering. Om hokker kommisjeleden giet it? Wat is der wizige? Der stiet 'of er daadwerkelijk sprake is van een financieel nadeel' en dan by de argu- minten 'omdat er geen sprake van een financieel nadeel'. Dat heart wat tsjinstridich. Hoe stekt dat yn inoar? Pagina 6 1 03 Ferslach nedsgearkomste 06122007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 30