Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder)Zij zal de vraag van de heer Hemminga laten uitzoe ken. De wijziging is dat artikel 13a niet ingevuld wordt. Het is niet helemaal duidelijk of aan het eind van het jaar een nadeel zou ontstaan. Men gaat er voorhands nog niet van uit. As A-stik nei de ried. 3.7 Foarstel om mei te wurkjen oan it frijstellingsfersyk artikel 19 lid 1 WRO foar it pleat- sen fan in lânboubrêge oer de Sneker Oudvaart Mefrou Meinderts (CDA): It is begryplik foar in agrarysk ûndernimmer dat er dêr in brêge hawwe wol. Mar der lizze op syn minst 10 pleatsen oan de Aldfeart en it soe te fier gean dat der in prot- te brêgen komme soenen. De wethâlder wol ommers graach de befarberheid fan de Aldfeart yn stân hâlde. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is der foar. Der binne mar in pear pleatsen dy't noch yn bedriuw binne. De boer moat oars mei syn grut ark troch de buorren hinne en dat kin no minder wurde. Hy moat dan ek sa gau mooglik in fergunning krije sadat er der foar de simmer gebrûk fan meitsje kin. De hear Riemersma (FNP): De FNP is foar it foarstel, mar hy wol him der dochs noch op beriede om nei de presedintwurking te sjen. It is foar de boer en de doarpen in oplossing en dêrom kin er der yn earste ynstânsje wol achter stean. Men woe Fryske wetternammen oanhâlde. Meitsje der Snitser Aldfeart fan. Der hie oerlis wêze moatten mei de wethâlder yn 'oplossingsgerichte' sin. Wêrom is dat hjir net bard? Hie it net flugger kinnen? It spilet al fan 1 2 febrewaris 2007 óf. Wethâlder Minkes: Der stiet 'Sneker Oudvaart' omdat de bou-oanfraach sitearre is. Men hat de yntegrale fisy foar it bûtengebiet der by pakt. Dat hie eefkes earder moatten foardat men de hiele bou-oanfraach trochnommen hie. Wol men sokke brêgen yn it bûtengebiet? Yn de yntegrale fisy stiet 'heeft het gebied de bestemming landbouwontwikkelingsgebied. In dit gebied is het beleid gericht op de ontwikkeling van de landbouw. Het realiseren of uitbreiden van andere functies in deze gebieden moet de landbouw zo weinig mogelijk hinderen. Het bieden van mogelijkheden van verbreding van de middelgrote en kleine bedrijven kan bijdragen aan de instandhouding van deze bedrijven. De landschapskaart geeft handvatten voor de gewenste landschappelijke inpassing'. Bestimmingsplantechnysk hat men gjin arguminten om tsjin te wêzen. It kolleezje hat gjin artikel 19, lid 1 proseduere delegearre krige. Dêrom kin it net sa hurd. De hear Van der Sluis (VVD): It giet him derom dat der yn it ferfolch in heger tempo achter komt. Wethâlder Minkes: Dat sil nei in beslút barre. Twadde termyn Mefrou Meinderts (CDA): Sy wol der noch oer neitinke. Wat docht it mei de rekreaasje en it iepen lânskip? De hear Riemersma (FNP): Wêr leit it oan dat de wethâlder der net earder by belutsen is? Hoe kin men soks foar de takomst foarkomme? Hy nimt oan dat de fertraging dêrtroch kaam is. Wethâlder Minkes: Dat léste klopt. Yn de planology giet is net sa sear om eigendomsferhâldin- gen. Der is gjin strakke regel dat men de brêge net oanlizze kin. Men jout hjir de foarrang oan de lânbou. Men moat wol rekken hâlde mei de hichte fan de brêge en de ynpassing yn it lânskip. Men soe wol sjen moatte nei it aspekt oft it bestimmingsplan bepaalde rjochten jout. Pagina 7 1 03 Ferslach riedsgearkomste 06122007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 31