De hear Zijlstra (CDA): De yntegrale fisy is derby nommen. De Aldfeart rint ek troch nei de rekre- ative Ontwikkelingsgebieten en hat dus in betsjutting foar de rekreaasje. Wethâlder Minkes: De lânbou hat de foarrang boppe de rekreaasje dêr. Sa'n brêge hat mei de Ontwikkeling fan de lânbou dêr te meitsjen. It bestimmingsplan jout gjin blokkade. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.8 Foarstel om net mei te wurkjen oan it frijstellingsfersyk artikel 19 lid 1 WRO foar it ple- atsen fan in skiphûs op it perseel Wjitteringswei 1 b te Jirnsum De hear Hemminga (GB): GB hat in oare fisy as it kolleezje. De funksje fan skiphûs is in kwestje fan ynterpretaasje. It argumint dat de sichtlinen hiel beheind wurde, stiet net hiel sterk. Der stiet ek noch in loads tusken. De hear Riemersma (FNP): De FNP hat Ongefear deselde miening as de hear Hemminga. It bes timmingsplan (1978) is neffens him stridich mei it gebiet ynstee fan oarsom. It wurdt ek tiid dat de bestimmingsplannen by de tiid komme. It argumint fan de sichtlinen is swak. De skiphuzen bliuwe ek noch wol moai yn de rige as der ien by komt. Pas de artikel 19, lid 1 proseduere ta. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is it folslein iens mei de foarige sprekkers. Der stiet 'is de raad beslissingbevoegd' en dan stiet der achteroan 'deze aanvraag te weigeren'. Kôget it kollee zje de ried wat foar? Wethâlder Minkes: Lést in útspraak fan in rjochtbank foar. 'Bij de beoordeling van een dergelijk verzoek zal de gemeente zich immers niet uitsluitend mogen laten leiden door de individuele be langen van degene die het wijzigingsverzoek heeft gedaan, maar zal de gemeente het algemeen belang van een goede Ruimtelijke Ordening mede inogenschouw moeten nemen'. Yn dat Ijocht moat men de oanfraach sjen. It makket neat út fan wannear't it bestimmingsplan is. Wol men dêrfan ôfwike dan moat men goede redenen hawwe. Der binne gjin redenen fan kwaliteitsferbet- tering fan de Boarn. De oare skiphuzen stiene der al. Sy fynt net dat it stik suggestyf steld is. Sa wie it alteast net de bedoeling. Men hat gjin goede arguminten foar in romtelike Onderbouwing om mei it fersyk mei te gean. Zij raadt de raad ten sterkste aan om dit te weigeren. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): Hy is it dermei iens om 'de raad ten sterkste aan te raden om het te weigeren'. De hear Riemersma (FNP): De wethâlder hat him net oertsjûge. Men moat ek in bytsje reëel bliuwe. It soe wat oan de kwaliteit tafoegje moatte. Dêr wol er dan letter noch wol op werom- komme. De hear Zijlstra (CDA): De wethâlder leit de klam op it algemien belang. Is dat wol stekhâldend? Want meastentiids komme der oanfragen fanút yndividueel belang. Wurdt it frije sicht op de Boarn ek opnommen yn it nije bestimmingsplan? Mefrou Esser (PvdA): Men wie it binnen de PvdA-fraksje net hielendal mei inoar iens. Sy is it iens mei de wethâlder dat it bestimmingsplan wol de regels stelt. De symmetry yn de skiphuzen fynt sy wol wichtich. It is stridich mei de bebouwingsbepaling fan 5 m út de perseelgrins. Sy sjocht gjin goede reden dat men ófwike kin fan it bestimmingsplan. Aqualuxe sil ek net bliid wêze mei it skiphûs. Pagina 8 1 03 Fersiach riedsgearkomste 06122007/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 32