De hear Hemminga (GB): Komt de ferdieldheid binnen de PvdA ek yn de stimming nei foaren? Mefrou Esser (PvdA): Dat sil men de oare kear sjen. De hear Zijlstra (CDA): Wiist derop dat de loads ek net 5 m út de kant stiet. Mefrou Esser (PvdA): Dy is fan de oare buorman. Wethâlder Minkes: Sy wol earst in korreksje op de notulen: 'Ik raad de raad ten sterkste aan deze vrijstelling te weigeren.' Men moat de kracht fan in bestimmingsplan net te lyts achtsje. Men moat mei in planologysk argumint komme. Der kinne oanfragen wêze dêr't de ôfwaging fan it al- gemien belang, lykas yn it eardere stik it belang fan it lânbou-ûntwikkelingsgebiet, yn meispilet. De hear Zijlstra (CDA): Der soe dan miskien mei de brêgen (Aldfeart) in deal makke wurde kinne. De hear Riemersma (FNP): Hy kin de argumintaasje net goed folgje. Der steane al mear as 30 skiphuzen. Doe koe men blykber wol fan it bestimmingsplan ôfwike. Wethâlder Minkes: It timmert de Boarn ticht. It ûntnimt de noch besteande sichtlinen op de Boarn. De hear Riemersma (FNP): Op it plak dêrfoar kin men boskjes delsette en dan sjocht men ek neat mear. Wethâlder Minkes: In beam is net boufergunningsplichtich en wat oars as in skiphûs. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.9 Foarstel om mei te wurkjen oan it frijstellingsfersyk artikel 19 lid 1 WRO foar it fer- grutsjen fan in pân ta winkelromte op it perseel Hoofdstraat 21 te Grou De hear Riemersma (FNP): De FNP is it mei it foarstel iens. Referearjend oan de diskusje by in earder stik: Wat foeget it ta oan de wearde fan it gehiel? De hear Van der Sluis (VVD): De VVD Is it mei it foarstel iens. Wethâlder Minkes: It foarstel docht gjin skea oan it gebiet. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.10 Foarstel oangeande it "Meerjaren Onderhouds Plan 2008-2017 Rijksmonumenten, ei gendom van de gemeente Boarnsterhim" De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is foar. Wat binne de kosten fan de begelieding fan de stichting? De hear Hemminga (GB): GB is ek foar. De beslisbeam jout tsjinstridige ynformaasje. Mefrou Esser (PvdA): De PvdA tinkt dat it in goede Ontwikkeling is. Wat moat it urinoir der noch by? De hear Zijlstra (CDA): It CDA is bliid mei it foarstel. Wêrom komme oare monuminten net yn sa'n stichting? Pagina 9 1 03 Ferslach nedsgearkomste 06122007/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 33