De hear Seldenrust (FNP): De FNP kin him der ek fine. Hy hat ek in fraach oer de kosten. As it mar in garânsje is dat it better yn stânhâlden wurde kin. Wethâlder Minkes: Sa'n stichting kin ek foar oare monuminten jilde. Men moat wol fêststelle hoe't men maksimaal middelen helje kin. Sy wit net krekt wat it bedrach fan de notaris is. De hear Van der Sluis (VVD): It giet foar de gemeente om de kosten foar de begelieding fan de stichting. Wethâlder Minkes: Seit ta dat dêr noch skriftlike ynformaasje oer komt. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.11 Opiniearjend foarstel om kaders foar it op te stellen Alcoholmatigingsbelied fêst te stel- Bram de Groot (jongereinried): De jongerenraad is blij met het voorstel. Het is een groot pro bleem. Hij verwijst naar een uitzending op Zembla. Er is een grote groep die structureel te veel drinkt. Deze groep moet als eerste naar voren gebracht worden. De jongerenraad wil graag om advies gevraagd worden. De beleidsmakers moeten in gesprek gaan met de jongeren. Minister Rouvoet heeft een handlei ding lokaal alcoholbeleid aangeboden. Die streeft naar twee doelen: Kinderen drinken later: het gebruik van alcohol bij jongeren onder de 16 jaar terugbrengen naar het niveau van 1992. Minder volwassenen drinken problematisch: het percentage probleemdrinkers terugbrengen naar 7,5% in 2010. De jongerenraad wil graag zijn input leveren. Mefrou Dekker (PvdA): Sy is bliid mei it lûd fan de jongereinried en dy moat der seker by belutsen wurde, want it is yndied in grut probleem. Op langere termyn hat sa'n alkoholgebrûk ek noch yn- floed op it funksjonearjen fan minsken. It drankgebrûk skynt yn Boarnsterhim óf te wiken fan it gemiddelde. Hoe komt soks? De skoallen binne der net by belutsen en dat soe wol plakfine moat- te. De hear Hemminga (GB): Hat de negative útstrieling fan Boarnsterhim ek te meitsjen mei it toe risme yn de simmer? It is goed dat der in belied komt en dat de jongereinried derby belutsen wurdt. De hear Bouma (VVD): Troch it op jongere leeftyd brûken fan alkohol skoot it allegearre ek no- chris op en dan hat men der letter ek noch in protte lést fan. It is goed dat de jongereinried derby belutsen wurdt. Mefrou Veldstra (FNP): De ynsprekker fan de ANBO hat in tal fasetten neamd en bepaalde sug- gestjes dien. It belied is in ûnderdiel fan de yntegrale feilichheidsnota. Hat it opskowen dêrfan ek mei dizze notysje te meitsjen? It is noch dúdlik hoefolle oeren dermei anneks binne. Wurdt der pas nei de maaitiidsnota mei út ein set? Is de koördinator der al? It is in goede saak dat de jonge reinried en de ANBO derby belutsen wurde. De hear Zijlstra (CDA): It CDA is bliid mei de notysje. It is in lestich Onderwerp dêr't men net sa maklik resultaten mei hellet. Soe men by de diskoteek der yntinser op kontroleare kinne? Hoe is it gien mei de pilot oer it alkoholbelied? Pagina 10 1 03 Ferslach riedsgearkomste 06122007/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 34