De foarsitter: Volgend jaar zal de dag 'Friesland, frisland' plaatsvinden. Op die dag zal men probe ren om geen alcohol te schenken. Wethâlder Van der Meulen: De needsaak fan belied op dit mêd is absolút oanwêzich. De maats- kippij is der ryp foar. It kolleezje hat it oppakt. Men is al reedlik streng by de jeugdsintra. As men dêr oer de skreef giet, dan hat soks konsekwinsjes. Der moat belied komme op grûn fan kaders. It belied liedt ta in aksjeplan. By de maaitiidsnota soe it sa fier wêze kinne. Men wol graach mei de jongereinried gearwurkje. It kolleezje hat net in ana- lyze dy't ferklearret wêrom't men yn Boarnsterhim mear drinkt. Eins soe de jeugd ûnder de 16 gjin alkohol krije meie en letter pas mei mate. It probleem moat goed oanpakt wurde. De ôfdie- lingsmanager giet mei de útfiering oan de slach. By de maaitiidsnota sil der wierskynlik in oan- fraach komme foar jild. Twadde termyn Mefrou Dekker (PvdA): It is dus in notysje dêr't kaders foar oanlein wurde. De ANBO, de jonge reinried en de skoalle derby belûke. De PvdA-fraksje makket har ek tige soargen oer it gebrûk fan drugs. Dêr soe sy graach ek wat oan dwaan wolle. Kin dêr oar jier in notysje oer komme? De hear Bouma (VVD): Hy tinkt dat it útgongsbelied ek in rol mei spilet. Der wurdt foarsteld om it no net mei te nimmen. Dat soe men neffens him better net op foarhân útslute moatte. Mefrou Veldstra (FNP): De jongereinried en de ANBO dêrby belûke. Wurdt der no start mei de no tysje? Ek de FNP fynt dat de drugsproblematyk omtinken hawwe moat. De hear Zijlstra (CDA): Hoe sit it mei jongeren fan min 16 dy't neidat sy yndronken hawwe in kroech binnen stappe? Wol men dêr wat oan dwaan? Hoe sit it mei de oanmelding fan de pilot? De hear Van der Sluis (VVD): Ek de VVD is it iens mei in oanpak fan de drugsproblematyk. Wethâlder Van der Meulen: Men hat him wol oanmeld foar de pilot, mar men hat gjin tawizing krige. Hy hat de yndruk dat mear as yn it ferline kroechbazen der ek each foar hawwe. Men drinkt lykwols oan de foarkant yn en dêr moat ek de oanpak komme. Der is wol mear omtinken foar drankgebrûk as yn it ferline. De skoallen krije ek omtinken fan de gemeente. Neidat it belied fêststeld is, komt men ta de útfiering. De maatregels dy't dêr út fuortkomme, sille wierskynlik ekstra jild freegje. De ANBO sil der seker by belutsen wurde. De foarsitter: Het stuk zal later weer in uitgewerkte vorm bij de raad terugkomen. 3.12 Foarstel om útfieringskrediten beskikber te stellen foar de lokaasjes fan de Brede Scho len te Grou en Akkrum De hear Seldenrust (FNP): Men hat ferûntrêstende lûden heard benammen yn Akkrum. Hy siteart 'in onderhandeling met de Corporatieholding Friesland zal de opvang van de vierkante meters be paald moeten worden van de grond van de locaties van de brede scholen die van de gemeente overgedragen wordt aan de corporatieholding'. De gemeente soe der dochs gjin wenningen delsette? Bliuwt men der noch wol baas oer by ferkeap? Der stiet ek 'Het college zal in onderhandeling de prijs voor de over te dragen oppervlakte moeten bepalen'. Men wit dochs oer hoefolle kante meters men beskikt? Of binne de partisipanten der noch net út? De hear Bouma (VVD): Bepaalde perselen soenen net brûkt wurde foar de brede skoalle. Binne dat perselen dy't yn it ferline djoer oankocht binne? Wêrom lizze de stikken oer de miljeusaken fertroulik yn de kast as it allegearre dúdlik is? Pagina 11 1 03 Ferslach nedsgearkomste 06122007/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 35