De hear Hemminga (GB): Hat deselde fragen oer de kante meters as de FNP. Wêr sit de oerskri- ding fan 55.000 euro yn? Moat de korporaasjeholding mei de partisipanten yn oerlis? Dat soe wer mear ûnsekerheid mei him meibringe. De hear De Visser (PvdA): Men soe regelmjittich ynformearre wurde. Wat de stân fan saken oan- geande de partisipanten en de oerienkomst mei Corporatieholding Friesland? Dêr sil men earst mear ynformaasje oer krije moatte, foardat men beslute kin. Wethâlder Van der Meulen: Der is al hiel faak wat oer de grûn sein. Der bliuwt lykwols noch in stik erchtinken by guon. De hear Van der Woude (PvdA): De ried hat riedsbreed útsprutsen dat der gjin wentebou komme soe. Hy snapt de twifels fan de FNP dan ek net. De hear Seldenrust (FNP): As it net dúdlik omskreaun stiet yn de stikken dan kinne de minsken har wol soargen meitsje en dy soarch dielt de FNP. De foarsitter: Het is duidelijk dat zowel het college als de raad hetzelfde standpunt huldigen. Als men een vraag krijgt van een inwoner dan zou men duidelijk moeten maken dat er geen woning bouw komt. De hear Seldenrust (FNP): It skynt foar de ynwenners net dúdlik genôch yn de stikken te stean. De hear Hemminga (GB): Der stiet by men by de bepaling fan de oerflakte ôfhinklik is fan fiskale aspekten. Hy wol graach witte hoe dat sit. Wethâlder Van der Meulen: Dat is noch in punt fan stúdzje. It soe foar guon partijen oantrekliker wêze om dat oerflak wat grutter te meitsjen. Dat hat fierder neat te meitsjen mei de ynhierde romte. It is dus in puer juridysk-technyske saak. Men sil wat moatte mei grûn dy't net brûkt wurdt. Dan jilde de foarskriften fan de BBV. De hear Bouma (VVD): De opsje wentebou wie by de oankeap net yn byld. Wethâlder Van der Meulen: As men it grien ynrjochtet dan hellet men der fierder gjin opbringsten út. De lesten sille binnen it projekt dutsen wurde moatte. De ferslaggen oer fynstof lizze fan óf dit momint foar elkenien op besjen. Men is drok dwaande oer oerienkomsten mei de partisipanten. Men moat earst in definityf VO (voorlopig ontwerp) hawwe, dan pas kin men de hantekeningen krije. Der wat drok wurke oan in Definityf Foarlopich Untwerp. Men woe noch sjen oft men noch mear út de gearwurking mei Corporatieholding Friesland helje kin. Der binne wierskynlik heal jannewaris al hiel wat hanteke ningen ophelle. Men bout net foar leechstân. De hear De Visser (PvdA): Men soe dochs dit jier noch definityf de oerienkomst tekenje? De hear Van der Meer (GB): De intentie-overeenkomst eindigt definitief op1 januari. Wethâlder Van der Meulen: Men sil dan derfoar soargje dat de yntinsje-oerienkomst ferlinge wurdt. De foarsitter: As B-stik nei de ried. Pagina 12 1 03 Ferslach riedsgearkomste 06122007/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 36