BOARNSTERHIM gemeente -%,6) Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 4 desim- ber 2007 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser en de hearen T. de Boer, B. de Jong, J.W. de Visser en H. Vellinga fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen M. van der Sluis en S. Bouma fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hear D. van der Meulen en gemeentesiktaris a.i. R. Vogelzang Fan de jongereinried: Bram de Groot en Keimpe de Jong Mei kundskip ôfwêzich: wethâlder de hear A.J. de Vries 1. ALGEMIEN 1.1 lepenje De foarsitter iepenet de gearkomste. Sy hyt alle oanwêzigen en de harkers fan de Boarnsterstim wolkom. Zij wijst erop dat men via de beeldinstallatie in beeld komt als men het woord heeft. 1.2 Fêststellen fan de wurklist De foarsitter: Bij agendapunt 3.8 moet staan 'om net mei te wurkjen'. De aginda wurdt fierder ûnferoare fêststeld. 1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 23 en 30 oktober, 6 en 13 no- vimber 2007 De ferslaggen fan 23 oktober, 30 oktober en 6 novimber 2007 De foarsitter: De ferslaggen wurde goedkard en fêststeld. It ferslach fan 13 novimber 2007 De hear Riemersma (FNP): Op side 6 hat hy by de diskusje oer it fytspaad in foarbyld neamd. Dat foarbyld hat in ferdúdlikjende funksje. Dêrom wol hy dat foarbyld graach oan it ferslach oan ta- foegje: 'Hy wol dat graach taljochtsje mei in foarbyld. Stel men wol in fytspaad fan 11 miljoen oanlizze en men kin der ek 11 miljoen subsydzje foar krije, dan kin men dat gratis fytspaad net oanlizze. Want men moat likegoed foar 11 miljoen dekking sykje omdat 11 miljoen subsydzje nei de alge- miene reserve giet. De dekking fan rûchwei 1 miljoen kinne wy net fine en it gratis fytspaad kin net trochgean. Dizze manier fan boekhâlden is neffens my yn sa'n gefal net goed.' 1 03 ferslach riedsgearkomste 04122007/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 3