De foarsitter: Op bladzijde 7 staat 'Brengt de motie, waarbij het laatste aandachtspunt is verval len, in stemming. Er wordt conform het voorstel besloten'. Dat heeft niet plaatsgevonden. De motie, waarbij het laatste aandachtspunt is vervallen, wordt niet in stemming gebracht aangezien deze is overgenomen door het college. It ferslach wurdt mei de wizigingen goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Punt 7 Mefrou Veldstra (FNP): It is in kreaze Fryske brief fan de provinsje oer de jierrekken. De ôfspraak wie dat in brief yn it Frysk ek yn it Frysk beäntwurde wurdt en dat is net dien. Sy wol de brief ek graach belûke by de hjerstnota. Punt 9 en 10 Mefrou Veldstra (FNP): Der leit in hiel dossier fan de hear Postma. De brieven binne ek oan de ried rjochte. Sy wol de tasizzing hawwe dat de oplossing weromkeppele wurdt nei de ried. De foarsitter: Dat laatste gebeurt altijd. Men heeft inderdaad wel het beleid om brieven in het Fries te beantwoorden, maar soms ontbreekt de capaciteit daarvoor. Punt 8 De hear Riemersma (FNP): De FNP is der tige wiis mei dat Oosterveld as beskerme doarpsgesicht oanwiisd is. Punt 12 De hear Riemersma (FNP): De FNP wol graach hearre wat it antwurd is op de brief fan de hear Steendam. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA-fraksje is ek skrokken fan de brief. It kolleezje soe dêr direkt op reagearje moatte. En sy freegje ek in taljochting fan de wethâlder op de saak. By de Ut-wei, dêr't sy earder fragen oer steld hat, hawwe har ek wat kalamiteiten foardien. Wat hat men der tusken- tiids oan dien? Wethâlder Minkes: Der wurdt neifraach dien nei it navigaasjessysteem fan de firma Kielstra. Mefrou Dekker (PvdA): De minsken hawwe in brief skreaun en it docht bliken dat de TomTom har der net goed hinne bringt. Wat ûndernimt it kolleezje no feitlik? Wethâlder Minkes: De problemen binne earder al oankaart by it ambulânseferfier. Dat jildt ek foar de UT-wei. Men sil der nochris op oantrune. Mefrou Dekker (PvdA): Sy is net bliid mei dat antwurd. Fierder gjin fragen of opmerkingen. 2. YNFORMEA RJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Der binne gjin meidielingen. b. Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielingen. Pagina 2 1 03 ferslach nedsgearkomste 04122007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 4