2.2 Foarstel om it ynfieren fan de kwalifikaasjeplicht oant 18 jier foar kundskip oan te nimmen De hear De Boer (PvdA): De PvdA is wiis mei de kwalifikaasjeplicht. De formaasje foar de lear- plichtamtner is net grut. Is der ynsicht hoefolle ekstra formaasje it kostje moat en kin men it op- losse? Mefrou Veldstra (FNP): It is in ekstra helpmiddel tsjin lesútfal en dat is in goede saak. Neffens har moat J_6 jier V7 jier wurde. Is der al wat bekend oer de ekstra kosten? De FNP is ek benijd nei it effekt en sy nimt oan dat it weromkomt by it jierferslach. Wethâlder Van der Meulen: Men ferwachtet dat it tafalle sil mei de ekstra tiid. By de maaitiidsno- ta is der mear dúdlikheid en dan komt der ek in bettere finansjele Onderbouwing. It punt fan de 1 7 jier sil neisjoen wurde. Yn it ferslach oer de learplicht wurdt it punt fan it effekt ek meinom- 2.3 Foarstel om kennis te nimmen fan de rapportaazje 2006/2007 fan it sosjaal team Boarnsterhim De hear De Jong (PvdA): De PvdA heeft in positieve zin kennis genomen van de rapportage van het Sociaal Team. Het laat zien dat een integrale aanpak goed werkt. Men mag mensen niet van het kastje naar de muur sturen. Het continueren van het team heeft de instemming van de PvdA. De hear Zijlstra (CDA): It jout ek oan dat in soad minsken de help nedich hawwe. It binne faak ferslavingsproblemen en finansjele problemen ('stille armoede'). Wat foar rol soenen tsjerken en diakonyen dêrby spylje kinne? Wethâlder Minkes: It is neffens har de earste kear dat de ried in ferslach fan it Sosjaal Team On der eagen krijt. It wurk fan it Sosjaal Team is gjin oerstallige lúkse en dêrom wol men dêrmei trochgean. De wenningboukorporaasje Wolkom is in goede partner dêrby. De hear Zijlstra (CDA): De tsjerken soenen yn de twadde line in ferwiisfunsksje hawwe kinne. Wethâlder Minkes: Dat kin yn elk ferbân wêze. It Sosjaal Team is benammen bedoeld om in plat- foarm fan alle deskundigen by elkoar te bringen. Dêrneist moat it team ek help ferliene yn de per- soanlike sfear. De hear Zijlstra (CDA): Yn hoefier sitte de tsjerken yn it netwurk fan it Sosjaal Team? Wethâlder Minkes: Men soe der nochris oer neitinke kinne hoe't ferskillende gremia út de miens- kip in rol spylje kinne. Der binne bygelyks ek organisaasjes mei in humanistyske achtergrûn. Yn de sfear fan de mienskipssoarch op doarpsnivo binne dy eleminten wol tige wichtich. Sa komme ferskillende lûden by elkoar. 2.4 Foarstel om kennis te nimmen fan de ferselsstanniging fan de OSG Sevenwolden De hear De Boer (PvdA): Men wit wat der yn it Hearrenfean bart mei de skoallen. De gemeente it Hearrenfean komt op ôfstân.Hoe leit aanst de ferplichting fan de stichting om Boarnsterhim te ynformearen by belangrike saken? Hat dy stichting dy plicht? Mefrou Veldstra (FNP): It totale ûnderwiis komt op ôfstân. Hoe komt dat mei de ynformaasje yn de takomst? Wethâlder Van der Meulen: Formeel sjoen hat de gemeente net safolle mear te sizzen oer it On derwijs. Foar de Onderwiislokaasje yn Grou feroaret der net sa folie. As der wichtige saken spylje Pagina 3 1 03 ferslach riedsgearkomste 04122007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 5