dan wurdt men ynformeard. Men hat de tasizzing dat oan de werving fan bestjoersleden ek yn de lokale media fan Boarnsterhim omtinken jûn wurdt. 2.5 Foarstel om kennis te nimmen fan de Undersyksopset "Werken aan grote projecten in Boarnsterhim" De hear Van der Woude (PvdA): De PvdA kin ynstimme mei de ûndersyksopset. Der is yn de ge meente in ferskaat oan projekten. De fraach oan de rekkenkeamer is wat de ratio achter de kar De hear Hemminga (GB): Syn fraach slacht op itselde. Hysels hat in foarkar foar in ûndersyk nei de Klassike Skippehaven yn Terherne. Mefrou Veldstra (FNP) slút har dêr by oan. De foarsitter: Er konden deze avond geen leden van de rekenkamer aanwezig zijn. Ze stelt voor het aan te houden tot donderdag. De raad stemt hiermee in. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 o/m 3.15 De foarsitter: Er zijn veel insprekers en zij wijst erop dat iedereen drie minuten spreektijd krijgt. Het is niet zeker of alle onderwerpen deze avond behandeld kunnen worden. Wil men later nog eens in tweede termijn reageren dan zou dat misschien op donderdag kunnen plaatsvinden. De hear Boon sprekt yn op punt 3.11Sjoch bylage. De hear S. van der Meulen sprekt yn op punt 3.3. Sjoch bylage. De hear Gerbens sprekt yn op punt 3.4. Sjoch bylage. De hear Haijtema sprekt yn op punt 3.4. Sjoch bylage. Mefrou Epping sprekt yn op punt 3.4. Sjoch bylage. De hear Van Beijma sprekt yn op punt 3.4. Sjoch bylage. Mefrou Lamsma sprekt yn op punt 3.4. Sjoch bylage. De hear A.P. van der Meulen sprekt yn op punt 3.4. Sjoch bylage. De hear Hofstra sprekt yn op punt 3.5. Sjoch bylage. 3.2 Foarstel om de Neijiersnota 2007 foar kundskip oan te nimmen en om yn te stimmen mei wiziging fan de begrutting 2007 De hear De Visser (PvdA): De neijiersnotysje jout de stân fan saken oan. Men is net echt entûs- jast oer it einsifer fan 130.000 euro negatyf. Op side 11 en 1 2 wurdt twa kear neamd dat hast alle fakatueres ferfolle binne. Mar men moat noch wol 557.000 euro beskikber stelle foar ynhier tredden foar it earste kwartaal. Hoe kin soks? By ynsidinteel ûnfersjoen moat der noch in ôfwaging makke wurde foar de húsfesting fan pjutte- boartersplakken. Moat dat dit jier noch? Nei oanlieding fan de riedsgearkomste fan 13 novimber soe it kolleezje sjen nei de limyt fan de skuldsanearring. Dêr fynt men noch neat fan werom. Pagina 4 1 03 ferslach riedsgearkomste 04122007/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 6