De hear Hemminga (GB): Der is in negatyf saldo fan 130.000 euro. De hear Galema komt út op - 790.000 euro en by it totaal op -3,5 miljoen. Wat kloppet no? Is dat bedrach wol of net reëel? Men kin neat weromfine oer de skeaclaim fan in bewenner fan Terherne oer skea troch de dyk dêr. Hat it kolleezje dêr rekken mei hâlden? De hear Bouma (VVD): De VVD wurdt ek net bliid fan de neijiersnotysje. Men hat in technyske útlis fan de WMO hân. Men koe it wierskynlik net goed ynskatte. Nim dat dan net op. Op side 9 wurdt praat oer de yntinsje-oerienkomst mei de Corporatieholding Friesland. De finan- siering soe noch wolris mear wurde kinne. De projektoeren. Dêr wurdt in protte jild op ferlern. Wat bart der no? Men moat no konkrete maatregelen nimme. Der is by de syktocht nei jild 5 ton boppe tafel kommen, mar de ferwachtingen wienen heger. Mienskiplike ynkeap. Dêr is in protte jild mei te fertsjinjen. Meitsje dêr gebrûk fan. Mefrou Veldstra (FNP): De hjerstnota jout in ferantwurding fan de begrutting. De útkomst is ne gatyf. Programma 1. By de doarpswachten is der in tafaller. Binne der al doarpswachten? Wêrom start it yntegrale feilichheidsbeleid in healjier letter? Wêrom wurdt de fakatuere foar de ôfhanneling fan beswierskriften net ynfold? It neidiel fan 1 ton stiet neffens har ek al by de ynhier fan tredden. Programma 2. Graach ynformaasje oer de stân fan saken by ferkeap fan wetter en kades. Programma 4. Docht men wat mei de bestimmingsreserve foar it fytspaad Wergea-Warten? Programma 7. De tafaller by de leezjes is men daliks wer kwyt oan de wenningen dy't Onder de subsydzjes falie. Hoe sit dat? By de doarpsfernijing is in frijfal fan 27.000 euro. Wêrom is dat net ynset foar de werstrukturearring? Programma 8. Fan it neidiel fan is net dúdlik wurden oft der fan alles minder wie. Projektoeren. It neidiel is 280.000 euro. Falie de kosten net binnen de projekten? De oerienkomst mei Corporatieholding Friesland: wat kin men dêrfan ferwachtsje? De wer- vingsseleksje fan de gemeentesekretaris en ien manager hat 75.000 euro koste. Hoe kin dat sa heech wêze? It is in meager resultaat wat it projekt 'jild op it kleed' opsmiten hat. Oer de oerskri- dings fan budzjetten: Dêr is dochs in riedsbeslút foar nedich? De brief fan de provinsje by de ynkommen stikken. De gemeente moat maatregels treffe foar it beheljen fan de rjochtmjittichheid foar de jierrekken 2007. Der is ek al wer in tekoart. Wat fynt it kolleezje dêrfan? It is posityf dat de nota oankeap en oanbesteging der no komt. It provinsjale tafersjoch soe der nei ferwachting komme. Graach mear ynformaasje dêroer. It âlde gebou fan it pjutteboartersplak wurdt ynbrocht yn it nije soarchsintrum. Bringt dat ek noch wat De hear Zijlstra (CDA): It CDA nimt kundskip fan de tuskenrapportaazje. De begruttingswizigings fan dit jier sille korrisjeard wurde moatte. Wat fynt it kolleezje fan de neijiersnotysje? Oer Grou- Noard soe er graach in taljochting hawwe wolle. Benammen oer de léste sin 'Op basis daarvan is de financiële haalbaarheid bepaald'. De hear Van der Woude (PvdA): Wat fynt it CDA seis fan de neijiersnotysje? De hear Zijlstra (CDA): Fan alle minnen wurdt it CDA net bliid. Wethâlder Van der Meulen: It jout gjin fleurich byld, mar men wit wêr't men stiet. Men is in stap fierder yn it op oarder bringen fan de organisaasje. It kolleezje hie al oanjûn dat it gjin fleurich byld wurde soe. Der binne noch in tal fakatueres en der geane ek noch minsken fuort. Foar de earste perioade fan 2008 binne nochal wat minsken nedich as stipe foar de organisaasje om der boppe op te kom men. Pagina 5 1 03 ferslach riedsgearkomste 04122007/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 7