lt foarstel foar it pjutteboartersplak sil foar dit jier wol net mear slagje. Oangeande de analyze fan de hear Galema: wat is de analyze fan GB seis? De hear Hemminga (GB): GB stiet achter de analyze fan de hear Galema. Wethâlder Van der Meulen: Hy hat der noch net nei sjoen, want it wie in ynstjoerd stik fan in ynwenner en net fan GB. De gemeente is fersekere tsjin de mooglike claim fan in bewenner fan Terherne. De ynvestea- ringsromte foar de brede skoalle is noch net hielendal brûkt. Dy moat lykwols wol beskikber bliuwe. De ried hat ynstimd mei de realisaasje en dêrom moat it neffens de foarskriften sa stean bliuwe. De projektoeren hawwe te krijen mei it momint dat men de balâns opmeitsje kin. Der is no noch in achterstân. De administraasje sil better op oarder komme moatte sadat men gjin grutte ôf- wikings mear krijt. It kolleezje is al te set mei it punt fan mienskiplike oankeap en oanbesteging lykas by de ferljochting. Mei Ljouwert wurde al tal saken mienskiplik oppakt. Men is noch net út ein set mei it yntegrale feilichheidsbelied. Mefrou Veldstra (FNP): Wêrom is men der letter mei start? Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Er is één persoon die zich daarmee bezig houdt, maar die heeft veel meer taken en wegens tijdsgebrek is het later opgepakt. Wethâlder Van der Meulen: Hy sil noch ynformaasje jaan oer de grûnoankeapen. Der is in bes- timmingsreserve foar it fytspaad. It doarpsfernijingsjild fait ynsidinteel frij en dat kin men dan net foar wat oars ynsette. No is it foar ien kear ynsidinteel omdat der gjin saken útfierd binne. Foar in oerskriding op de post ûnderhâld hat men net in begruttingswiziging nedich. Men komt dan net fuortendaliks oer de grins fan de rjochtmjittichheid hinne. Men hoecht net foar alle lytse saken nei de ried. Men ferskilt fan miening mei de tasichthâlder oer it punt fan rjochtmjittichheid. It hat foar 2007 gjin tafoege wearde. De tasichthâlder is helder oer it tafersjoch en de ried kin dér kundskip fan nimme. De hear Zijlstra (CDA): Wat betsjut 'Op basis daarvan is de financiële haalbaarheid bepalend'? Wethâlder Van der Meulen: Oft it helber is om it projekt yn de merk te setten. Wethâlder Minkes: Men hat de finansjele berekkening fan it multy-funksjoneel sintrum ûnder ea- gen hân. De boekwearde fan de biblioteek is neffens har nul. De hear Van der Woude (PvdA): De boekwearde is wat oars as de ferkeapwearde. Wethâlder Minkes: Sy sil dat noch neigean en dér ynformaasje oer jaan. It komt net frij op de merk. De hear Bouma (VVD): Men rûzet foar de WMO in tafaller en in tsjinfaller. De wethâlder giet út fan in worst case senario. It hat benammen mei it softwarepakket te meitsjen. Wethâlder Minkes: Men is begûn mei in sombere gedachte oer de WMO. Dat foei úteinlik wat ta. Der is noch it faset hoe't men de WMO fia in automatissearringspakket ynbêdzje kin. It moat net in solistysk systeem wurde. De gemeente siket nei in hânsum pakket dat net al te djoer wurdt. Men springt der reedlik út. It evaluaasjerapport fan de meitinker is yn de maak en dat jout wat spesifiker ynsicht yn de kosten. Pagina 6 1 03 ferslach riedsgearkomste 041 22007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 8