De hear De Jong (PvdA): De wethouder zou komen met een notitie over de schuldsanering bij de najaarsnotitie.. Wethâlder Minkes: Sy hat bedoeld by de foarjiersnota. Dy hat de belofte yn him dat men der jild foar frijmakket. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): De dorpswachten zouden aanvankelijk per 1 januari 2007 in dienst treden. Dat is door omstandigheden 1 juli geworden. Aanvankelijk waren er inci dentele overschrijdingen voor juridische kosten. Daarvoor is een extern bureau ingehuurd. Het blijkt nu dat het niet haalbaar is omdat de kosten zo langzamerhand structureel zijn. Men zal eerst kijken op welke wijze men het aantal bezwaarschriften kan verlagen. Werving en selectie van het managementteam. Men had het eerst zelf in de hand genomen. Dat leverde maar een post op en daarom heeft men een extern bureau ingehuurd. Dat geeft extra kosten, maar aan de andere kant bespaart het kosten omdat men nu in ieder geval een gemeen tesecretaris en twee managers heeft. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.3 Foarstel om de begrutting 2008 oan te passen; ûnder oare wiziging fan de feroardening op de heffing en ynfoardering fan leezjes en ûnreplik saak belêsting 2008(OZB). De hear Gerbrandij (CDA): Finânsjes lizze altyd gefoelich, benammen by it fêststellen fan tariven. It CDA hat frege om sinten neist de persintaazjes by de tariven. Dat is noch net bard. 'Bring jo hân hurd nei de hoed en stadich nei de beurs.' len dy't 1000 euro oan ûnreplik saakbelesting be- tellet, is mei 20% 200 euro ekstra kwyt. Mei sokken hoecht men net it earst begrutsjen te hawwen. De hear De Boer (PvdA): Hy betellet 288 euro ûnreplik saakbelesting yn it jier foar in knap hûs en 20% betsjut in ferheging fan 56 euro. De hear Gerbrandij (CDA): Hy neamt noch in foarbyld dat by termynbetelling op sa'n 8 euro uit komt. Yn Boarnsterhim betellet men gemiddeld 164 euro oan ûnreplik saakbelesting. Yn 8 kear komt de ferheging dan út op 4,42 euro per kear. Dat heart hiel oars as dat men it oer 20% hat. Yn earste ynstânsje sil it net oars kinne. De hûnebelesting. Ferskillende gemeenten hawwe it al ôfskaft. Men kin it no net misse. Yn 2010 binne der riedsferkiezings en dan soe dat in rol spylje kinne. Komt men oer de hún dan komt men oer de sturt. Mefrou Veldstra (FNP): De wurkgroep út de ried woe de hûnebelesting, de forinzebelesting, de fearjilden en de kade- en steigerjilden ferheegje. It kolleezje hat lykwols ek oare belestings ferhe- ge. De FNP-fractie fynt de ferheging fan de ûnreplik saakbelesting mei 20% tige heech. De FNP- fraksje kin dêr dan ek net mei akkoart gean, want mei alle ferhegingen komt men op in flink be- drach. In yndeksearring of 4% ferheging fan de ûnreplik saakbelesting is akkoart as it dan ek nei it fytspaad giet. In protte belestingen binne nei de kostpriis trochrekkene. By it abonnemint op de riedsstikken is In ferheging fan 300%. Hoe wol men dan boargers by de polityk belûke? Hoefolle abonneminthâlders binne der? Fraksjes wurde sa ek op ekstra kosten jage. Hoe sit it mei de WOB? Wêrom wurdt in ynfalideparkearkaart gelyk lutsen mei in gewoane parkearkaart? By fersi- ken om wat nei te sykjen yn it kadaster hat men in ferheging fan 400%. Muzykfergunningen. Wêrom safolle en hoefolle hat men dêr fan yn it jier? Wêrom wurdt der by de gokautomaten neat ferhege? By bouleezjes is gjin ferheging. Is dat kostendekkend? Om wat foar reden binne de fergunnings foar kampearterreinen en kampearbuorkerijen ôfskaft? Der wie ek in list mei prioriteiten fan it kolleezje. Wêrom dy prioriteiten? Der soe in nije opset komme foar it fytspaad. Pagina 7 1 03 ferslach nedsgearkomste 041 22007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9