De keuzes komme ek wer by de ried te lizzen. Men moat de reserve wer oansuverje en dêrom moat men foarsichtich begrutsje. Mei de provinsje wol er noch oerlis hawwe oer bepaalde saken dy't men ferskillend ynterpretearret. As men dy helderheid hat dan wurdt de ried dêrfan op 'e hichte steld. De hear Van der Meer (GB): Men hoefde niet over de motie van het zwembad te stemmen, want het college zou het overnemen. Dat vindt hij echter niet terug. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje hat in tasizzing dien en dy komt it kolleezje nei. De hear De Visser (PvdA): De ûnreplik saakbelesting soe mei 20% omheech moatte. As men dat net docht dan soe men de sportterreinen net ûnderhâlde kinne? Wethâlder Van der Meulen: Dat soe jilde foar û.o. de sportfjilden, mar ek foar de brêge yn Wer- gea en oare saken. De hear Van der Woude (PvdA): Men moat in streek sette nei punt 5. Kin de útjefte foar de brêge yn Wergea fan de 561.000 euro óf? Wethâlder Van der Meulen: Der is noch wol wat romte as men in streek Onder 5 set. Foar de brêge fan Wergea komt it kolleezje mei in foarstel. De hear Bouma (VVD): Komt der noch wat mear jild troch it JOK op it kleed? Men moat earst dy 1 miljoen ynsidinteel en 2 ton struktureel fertsjinje. Dan hoecht men de Onreplik saakbelesting net sa bot te ferheegjen en dan sil men ek minder lest hawwe fan it tafersjoch fan de provinsje. De hear Van der Woude (PvdA): It kolleezje soe fia it JOK jild boppe it kleed krije. Dy opdracht hat it kolleezje harsels oplein. Men kin dan ek net op de wize as de hear Bouma docht oer dy be draggen fan it JOK prate. De hear Riemersma (FNP): As men de 270.000 euro foar it fytspaad trochstreket, dan hoecht men de ûnreplik saakbelesting mei minder te ferheegjen. De sinten hat men ommers yn 2008 net nedich. Bliuwe de getallen oan de ein fan it jier net gelyk? Wethâlder Van der Meulen: Oangeande it JOK. Men tinkt dat it mooglik is, mar it is no noch net safier. As men it noch net hat, dan kin men der ek noch gjin ekstra saken foar dwaan. Foar it fytspaad en rinnende saken hat men de ferheging nedich. As de ried beslút oer in ynvestearing dan moat men it meinimme yn de sifers. Oan de ein fan 2008 soe dat bedrach bést foar it fytspaad f rijf alle kinne en dan kin men beslute oer de bestim- ming fan dat jild. Twadde termyn De foarsitter: Schorst de vergadering op verzoek van de PvdA. De foarsitter: Heropent de vergadering. De hear Van der Woude (PvdA): Hy seit tsjin de fraksjes dy't de ferheging foar de ûnreplik saak belesting mei 20% net wolle dat men der dan net útkomt. As men mar mei 10% ferheget, bliuwe der needsaaklike dingen lizzen. De hear Bouma (VVD): De VVD fynt dat men in streek ónder punt 5 fan de bylage sette moat. Fierder moat it JOK foar it jild soargje. Pagina 11 1 03 Verslag Raad 18-12-2007/ablb/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 13