De hear Riemersma (FNP): Wiist nochris op syn wize fan omgean mei de 270.000 euro foar it fytspaad yn 2008. Dan komt de begrutting ek op nul út. De hear Van der Woude (PvdA): De wethâlder hat dúdlik útlein dat soks neffens de foarskriften net mei. De PvdA fynt ek dat de punten fan it amendemint fan GB net passé binnen it BBV. Hy wol de streek dus ûnder punt 5 fan de bylage sette en de strukturele lest fan 12.500 euro foar de brêge yn Wergea der noch ôfhelje. De hear Hemminga (GB): It foarstel fan it kolleezje soe absolút needsaaklik wêze. Hy hellet no chris it artikel 62, lid 2 en 3 út de BBV oan, dat neffens GB op in oare wize ynterpretearre wurde kin as de wethâlder docht. Neffens him brûkt GB dan ek suvere arguminten om it op de troch GB foarstelde wize te dwaan. De dekking foar it fytspaad troch de provinsje mei 1,2 miljoen is net hurd tasein. Men kin de grins nei punt 5 fan de bylage lizze. Yn de 561.000 euro struktureel ûnfersjoen sit noch wol wat romte. En der komt wierskynlik ek noch jild fan it JOK binnen. GB hâldt fêst oan it amendemint, want men is op in suvere wize mei de regels fan de BBV omgien. De hear Bouma (VVD): Men mat de kreativiteit hawwe om mear ynkomsten te krijen. De VVD kin dan ek achter de trije amendeminten stean. De hear Riemersma (FNP): Hy bliuwt derby dat de FNP it der net mei iens is dat minsken bliede moatte foar de boekhâlderij op papier. De FNP stipet de amendeminten fan GB. De hear Gerbrandij (CDA): Hy kiest net foar de wei fan de minste wjerstân. It CDA stiet dêrom dan ek achter it foarstel fan it kolleezje. De foarsitter: Leest het inmiddels door de PvdA ingediende amendement voor. De fraktie van de PvdA stelt voor het vooratl van het college aan te vullen met het punt; Stel voor de aanpassing van de brug in Wergea een krediet beschikbaar van 175.000 (excl. BTW) en breng de hieraan verbonden kapitaalslasten a.d. 12.417 ten laste van de beschikbare begrotings- en investeringsruimte 2008. Wethâlder Van der Meulen: It giet om de ferskillende ynterpretaasje fan in artikel fan de BBV. De opstelling fan GB hat twa kanten. Oan de iene kant wol GB subsydzje yn mindering bringe op de ynvestearing en oan de oare kant twifelet men oan de hurdens fan de subsydzje. It kolleezje nimt de subsydzje mei as bestimmingsreserve en dat is in foarsichtiger oanpak as wat GB foarstiet. As men de subsydzje net krijt dan sit men mei men in tekoart op de eksploitaasje. Guon fraksjes fine dat it kolleezje 'jild út de bûsen kloppet'. Mar de saken dy't neamd wurde, binne needsaaklik. Oer it amendemint fan de PvdA. It kolleezje is noch net mei in eksakt foarstel oer de brêge yn Wergea kommen. Sko it nei punt 5. De hear Van der Woude (PvdA): As it ûnder punt 5 opnommen wurdt, dan wol er amendemint wol weromnimme. Wethâlder Van der Meulen: As men it jild foar it swimbad ienmalich foar wat oars brûkt, dan hat men foar de jierren dêrnei in probleem. It kolleezje komt mei in analyze fan in swimbad en dan soe men beslute moatte oer it jild. Pagina 12 1 03 Verslag Raad 18-12-2007/ablb/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 14